Weppers tiisdei 2-6

Weppers moandei 1 juny
31 mei 2009
Weppers woansdei 3-6
3 juni 2009

Twadde klassers
Alle wedstriden binne spile en dat betsjut dat je no al fêst foarút sjen kinne wat de twadde klassers binne takem seizoen. Douwe Dirk sette it op in rige en mailt it folgende:
Ut Fryslân de folgende 13 ploegen:
Overzwaluwen, Heerenveense Boys, Nijland, SDS, t Fean, Leeuwarder Zwaluwen, Blauw Wit 34, Buitenpost, Trynwaldster Boys, Be Quick Dokkum , BCV, Minnertsga, Broekster Boys.
oanfuld mei 11 ploegen út de rest fan Noard Nederlân:
Olympia 28,  LTC, de Weide, Middelstum, VenV 67, SGV, Bant, Drenthina, Omlandia, Eems Boys, SJS.

Jeugdlieders
Jûn om 19.30 de lêste gearkomst fan sit seizoen. Foar lieders en trainers.

JimCambuurBar
Johan Delfsma is in echte Feanfan. Hij reageert dan ek op it berjocht dat woansdeitejûn Jimbar iepen is foar de wedstryd Cambuur-Roda mei in freonlike bierpriis:
Krijgen ze anders de kroeg niet vol?
Groet Johan Delfsma
Forza

Hantekening
Juster wiene der in protte bern bij it keatsen yn Frjentsjer dy’t op syk wiene nei hantekeningen. Mei harren boekje mei keatsplaatsjes (in aksje fan de Coop yn Frjentsjer) woene se graach de hantekeningen der bij hawwe fan harren keatssterren.
Marco Hoekstra skynt op in keatser te lykjen want ek hij waard frege om in hantekening te setten. Kaam dat omdat hij in grien keatssjurt oan hie of liket hij echt op Chris Wassenaar, Rudmer van der Meer of Martijn Olijnsma.

Juiche
Dat docht sear:

Letter mear