Weppers tiisdei 17-2

Weppers moandei 16-2
15 februari 2009
Weppers woansdei 18-2
17 februari 2009

SDS 1 oefent
SDS 1 sil tiisdeitejûn oefenje yn Oentsjerk tsjin de Boys fan Trynwâlden. 
Oftraap is om 19.45 oere.
We fertrekke om 18.30 sharp!
Jaap, Harm, Mark, Tsjeard, Erik, Feiko, Henk, Arnoud, Tsjipke, Tsjalling, Hendrik Anne, Redmer en Jacob van Wieren.

Net traine
De training van D2 gaat vandaag niet door.
Het veldje bij de kleedboxen is te slecht.
Donderdag gaat het zo als het nu lijkt wel door, want dan trainen we achter de sporthal. 
Groeten Boudewijn.

Poiesz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

Tsjinprestaasje

Sneon 21 febrewaris sille de famkes fan SDS harren tsjin prestaasje dwaan foar de Poiesz aksje. Fanôf 10.00 oant 12.00 oere binne se aktief op it parkeerplak fan Poiesz Skearnegoutum. It soe moai wêze dat der alwat oanhing fan SDS bij oanwezich is. As jo dan ek noch wat boadskippen bij de Poiesz dogge, dan kinne de jeugdsponsormunten moai yn de koker fan SDS. Alfêst bedankt.
Jeugdkommisje SDS

Gjin trainen, 4 yn de boks

Om 20.30 oere wurdt ik skille. In mobiel nûmer… It is Ewout de Boer.

Ja, seit Ewout, we sitte hjir yn de boks, mar Lody is der net.

Wytse, Jacob, Arjen sitte hjir ek en der is net ôfskille.

Mar jonges, sei ik, it stiet op de site!

Der hie Ewout noch sjoen om 19.00 oere seit der…

Mar goed, de lieder wie ûnderweis op de fyts troch waar en wyn fan it wurk.

De soan hie it fan Lody troch krige en nei de wepmasters stjoert.

Mar de heit hie ferjitten te sizzen dat der noch efkes skille wurde moast.

Ekskuses jonges!!
Klaas


Bûsdoekjes

Dan winsket Ewout my noch efkes sterkte ta.

Snein hie der al in lyts kadoatsje troch de doar goait.

In pakje bûsdoekjes….fan Ajax…

Tige aardich fûn ik dat, allinnich no wie Studio Sport wol ferballe fansels!

Mar dat Ewout, as Ajax-supporter, noch bûsdoekjes fuortjaan koe oan in Feyenoord-fan wie wol knap.

Hja moasten dochs wol guon brûkt ha de trije wike foar ôfrûne snein…?

Klaas


SDS League
Alle teams wienen al ynfierd yn de komputer en no steane ek alle punten der yn. Moarn kinne jim sjen wa ’t der mei de earste wykpriis fantroch giet.

Pyt
Mocht it fuotbaljen kommende sneon wer net trochgean dan witte wy no wa ’t wy de skuld jaan kinne. Snein hearden wy namelijk dit: “Wa hat dit minne waar besteld?” “Pyt Paulusma…….”, rôp Tom.

Wa?
Twa wiken werom wie PSV-supporter Jan-Simon Jelsma op skifakansje. By de après ski koe hy moai efkes byprate mei in âld-PSV’er:


Net sjonge(2)
Juster seagen wy Adebayor dy ’t dúdlik net sjonge kin. Luca Toni klinkt dan al gau wat better: