Weppers moandei 16-2

E-Greidhoeketoernooi
15 februari 2009
Weppers tiisdei 17-2
17 februari 2009

Oflast
It trainen fan A1 en B1 is jûn troch Lody ôflast. Dit berjocht krije wij troch fan Jarco Pompstra, soan fan Klaas.

Oefenje
De froulju fan SDS sille tongersdei te oefenjen tsjin Rood-Geel yn Ljouwert. Sy fertrekke om 18.30 út Easterein.

Jeugdtoernoaien
Oan de linkerkant fan ús webside kinne jim it kopke “jeugd” fine. As jim hjirop klikke krije jim earst it nijs fan de Jeugdcommissie/Technische Commissie. Hjir kinne jim û.o. alles fine oer jeugdtoernoaien. VV Workum organisearet Keninginnedei ek in jeugdtoernoai foar de D-,E- en F-jeugd. Ploegen kinne harren opjaan oan ’t en mei kommende sneon. Sjoch hjir.

Yn de seal
Dizze wike is de lêste trainingswike yn de seal foar de F en E pupillen. F1 en E1, E2, E3 en E4 meie it dizze wike ôfslúte. Sjoch
hjir foar it skema.

Keepersdei
It ûndersteande berjocht krigen wij fan André Vink.
Dinsdag 17 febr. is er weer een Frans Hoek keepersdag in Franeker.
Wietse Klaas Vink gaat daar zoiezo heen. Zijn er nog meer SDS-ers die daar heen gaan. Graag even contact opnemen met fam Vink 333134
famviea@hetnet.nl

Programma sneon
Foar kommende sneon is der in programma foar SDS 1,2 en 3. Letter dizze wike mear dêroer.

Cambuur-PEC
Moarn stiet foar de fjirde kear Cambuur-PEC Zwolle op it programma. Wij binne benijd werom it no wer net troch gean sil: te hurd, te wiet, te droech……. Of witte jim noch in oare goeie reden.
Mail ús.

Net sjonge!
Wy hawwe hjir earder alris sjen litten dat fuotballers oer it algemien net sjonge kinne. Adebayor fan Arsenal is dêr it beste foarbyld fan: