Weppers tiisdei 17-2

Krokuscup foar D’s op it MFT!
16 februari 2015
Weppers woansdei 18-2
17 februari 2015

SDS 2
SDS 2 traint jûn wer om 20.00 yn Easterein. As alles wat meisit dan oefenje sy sneon thús tsjin VV Scharnegoutum 1.

Goeie saken
SDS 2 hat ôfrûne sneon goeie saken dien yn de kompetysje sûnder sels te fuotbaljen. Direkte konkurrint Oeverzwaluwen 2 ferlear thús mei 7-0 fan SC Franeker 2 en nimt no de reade lantearn oer fan SDS 2. Nije wike sneon mei SDS 2 út tsjin De Sweltsjes fuotbalje.

Gjin trainen
It trainen fan SDS D3 giet hjoed net troch.
Libbe

Toernoai ûnder de 23 jier
SDS docht dit jier foar it earst mei oan it Keningsnachttoernoai fan VV Foarút. Dit is in 7-tsjin-7-toernoai foar spilers ûnder de 23 jier. Dit wurdt altiten de jûns foar Keningsdei hâlden, mar dit jier is it de woansdeitejûns foar Himelfeart. Der binne leuke jildprizen te winnen, al kin der noch wol wat dielname by………(klik
hjir).

Ut de âlde Treffer (1)
Ek yn 1979 waard der socht nei skiedsrjochters. In oprop yn de Treffer levere neat op en doe kaam der in hiel praktyske oplossing.
 


Ut de âlde Treffer (2)
Yn dy selde Treffer fan 1979 stiene ek adfertinsjes, û,o. fan Van der Eems.

Harsens derby (1435)
Dat is in frije traap fansels!