Weppers woansdei 18-2

Weppers tiisdei 17-2
16 februari 2015
Kompetysje-yndielingen jeugd
19 februari 2015

Sponserjûn
De sponserkommisje en de keunstgerskommisje organisere op freed 13 maart in spesjale sponserjûn. Alle stipers en freonen fan SDS, mar ek leden fan ûndernimmersferiening Wommels/Easterein sille hjir foar útnoege wurde. Hâld dy jûn dus mar fêst frij!
Wy sizze noch net wa ’t dy jûn komt te sprekken, mar wy kinne fansels wol in lytse hint jaan.
Jim seagen him dit wykein noch by ien fan de wichtigste wedstriden fan it seizoen yn de Eredivisie.

Ferrassing!!

Klaverjasse
Freed is der wer in klaverjastoernoai yn de fuotbalkantine. It begjint om 19.30 oere en der sille 3 bomen klaverjast wurde. De organisaasje is yn hannen fan Sipke Hiemstra. Der wurdt striden om fleisprizen.

Ekstra tiid
It jout wol ris wat argewaasje dy ekstra tiid dy’t de skiedsrjochter der bij lûkt. Somtiden binne je dêr de dupe fan en oare oaren levert it wat op. Lês it ferhaal yn de LC fan SDS 1 fan ôfrûne sneon tsjin sc Joure 1. Sjoch
hjir.

Blesseard
De wedstryd fan SDS 1 tsjin SC Joure 1 levere Dirk-Yde Sjaarda in blessure op. Nei in soad pine yn it wykein docht bliken dat syn skinebonke yn twaën leit. Wy winskje Dirk-Yde in bult betterskip!

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn wer ris thús fuotbalje. Sy dogge dit om 20.30 tsjin RES. Kom ek!

SDS 4 en 5 de seal yn
Tongersdeitejûn om 21.00 oere geane SDS 4 en 5 de seal wer yn. Fansels nimme se allegear efkes in eurootsje mei.

SDS 4 en 5 wer nei bûten
Nije wike tongersdei 26 febrewaris gean SDS 4 en 5 wer bûten trainen ûnder lieding fan Harm Abma. Dit begjint om 20.15 oere.

SDS E3 sealkampioen?
De mannen fan SDS E3 meitsje wer ris in gek seizoen mei. Foarich seizoen ferlearen sy de earste helte fan it seizoen alles dik, wêrnei ’t sy de twadde helte kampioen waarden. Dit seizoen liket dit him te werheljen. Ek no ferlear E3 foar de winterstop hast alle wedstriden, mar nea hiel dik. Yn de sealkompetysje dogge sy it no wol wer hiel knap. Mei noch ien wedstryd te gean hawwe sy alles noch wûn. Sneon stiet de lêste wedstryd op it programma tsjin Friesland E1. Ek sy hawwe alles noch wûn. Dat wurdt dus spannend. De wedstryd is sneon om 9.00 yn sporthal Nijlân yn Ljouwert.

SDS en de Poeisz-aksje
SDS docht ek wer mei oan de Poeisz-aksje. Dêrfoar moatte je nei de Poiesz yn Skearnegoutum. Yn de kantine stiet ek in bak wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt.

Ien Euro?
Je kinne dat noch wol fan ferhalen út it ferline. As je dan in goal makken as jonkje fan 10 dan krigen je in gûne fan pake of beppe. Moandei skoorde Scott Laird fan Preston North End de 1-0 tsjin Manchester United. Net gek, want dat levere him dochs mar efkes €1,30 op fan syn grandma(klik hjir). Wy binne no hiel benijd wat Elger Turksma sneon krigen hat nei syn goal foar SDS 1.

SDS-Look-a-likes
Foar de nije Treffer kinne wy wol wer wat SDS-Look-a-alikes brûke. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!


Harsens derby (1436)
Miskien is it in idee as spilers ek mei sa ’n spuitbuske rinne lykas de skiedsrjochter. Efentueel dan ek lyk mar in himmeldoekje mei.