Weppers tiisdei 16-9

Weppers moandei 15-9
14 september 2008
Doch ek mei oan de nije SDS-League!
17 september 2008

De Treffer
As it goed is dan hat elk lid en sponser fan SDS ynmiddels de Aant-Treffer en it bewarnûmer yn de bus krigen. Mochten je net ien krigen hawwe, mail dan efkes nei
detreffer@vv-sds.nl.

Futsal
SDS 2 spilet moarn foar it earst dit seizoen thús. Sy spylje om 20.00 tsjin TOSS 1.

A1 gjin kompetysje
It komt hieltyd faker foar dat in ploech út de kompetysje giet. De SDS Da witte der alles fan. Ek A1 hat dit seizoen twa wedstriden minder. Heerenveense Boys A2 is út de kompetysje en de A’s sille sneon oefenje moatte.

A1 koprinner
Klaas Pompstra is dizze kear iets letter as oars mar dat hie in reden
In ko-produksje fan Klaas en foaral Ype Tiemersma.
Sels moast ik nei de rest fuort en sa kaam it dat Ype ferslach skreaun.
Underweis yn de auto en letter op de fyts sms-kes oer de stân en útslach. In moai resultaat en we steane sels allinnich boppe oan!
Wytze L., Bauke Jan en Andries skoare de goals.
De earst helte wol 10 kânsen en mar 1 goal. Lemmer 2 kânsen en 2 goals. Twadde helte wie better en we meitsje yn de lêste minúten de winnende goal.
It ferslach.

SDS League
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League.
Hjir kinne jim der alles oer fine.

Schwalbe
Yn Dútslân rinne de meesters fan de schwalbe, mar yn Italië kinne se der ek wat fan: