Weppers moandei 15-9

Weppers snein 14-9
13 september 2008
Weppers tiisdei 16-9
15 september 2008

7 novimber
Jim kinne al fêst yn de agenda noteare dat op 7 novimber de ledengearkomst fan SDS is. De agenda komt letter.

Blessure

Net allinne fuotballers hawwe blessures ek supporters sitte der soms mei. Gatske Hiemstra is opereard oan de foet en skarrelt no mei in gipsfoet wat op krukken om. Sij hoopt yn oktober wer yn de supportersbasis te stean.

Hylke (1)

Sneon spile SDS 2 tsjin de Sweltsjes út Ljouwert. Trainer/koach dêr is Hylke Schrale. Nei ôfrin fongen de SDS-ers him op, want de 1-1 dy’t krekt foar tiid foel, wie dochs wol wat in teloarstelling foar de Ljouwerters. Op de foargrûn Marten Faber dy’t in strafskop kearde.

Hylke (2)

En nei ôfrin wie it efkes wat langer dan gewoan noflik neiprate.

Foarljochting KNVB
De KNVB hat ynkoarten in nijsgjirrige jûn op it programma stean. Sjoch hjir.

Pannekoeken?
Lody Roembiak is voor 2 wedstrijden geschorst als trainer/coach wegens het inmiddels beruchte pannenkoek incident, waarbij Lody een scheids tot enkele malen complimenteerde met zijn pannenkoekgedrag moest hij met rood van het veld.
Kan hij zich alvast voorbereiden op de ledengearkomst van 7 november om 20:00.
Lody succes met je “vakantie”
André Vink
 

Net op trainen
Stoffel is net altyd op trainen, wij dogge dan soms wol in oprop. Mar dat hat gjin sin sjogge wij no, Stoffel kin safolle reden betinke om net te kommen, dus rekkenje wij net mear op him.
De oarsaak dat hy net altyd traine kin mar wol wol,,,, is: wij bij Connexion binne gjin amtners dy fan njoggen oant trije oere wurkje.
Fierder is Stoffel drok dwaande om him op it kommende jier ta te rieden op de kampioenskippen (dat sil wol in dream bliuwe)
Miskien moast hy wol oppasse op syn bern?
Hie hy net ien oft oare gearkomste?
Hie der net ien fan syn famylje in jierdei?
noch stiif fan de foarige wike?
As lêste soe ’t ek noch kinne dat Stoffel op jacht wie en dêr hawwe jo ek frjemde tiden. Foaral foar it neisitten en dat hjit by harren leau ‘k de twadde helte! De tredde helte sil wol wêze as in dream dat it stik wyld wol sjitten wurd.
Dus minsken, Stoffel docht syn bêst om op elke training te kommen mar dat slagget net altyd. En hy wol sa graach!
Stoffel

Timen stoppet
Timen Vermeulen hat oanjûn te stopjen as fuotballer fan SDS. Soe hy him no hielendal talizze op it befaamde “10 oer read”?
hspace=0 
Timen tidens syn “aktive” karriëre as fuotballer by SDS….

LC koach

Krist Stoelwinder fan D2 is de man yn foarm. Hij hat nei twa wedstriden de lieding nommen yn it LC klassemint fan de minsken dy’t yn de SDS subleaugue falle.
At jim de stân sjogge dan is it net de bedoeling dat jim ferkearde konkluuzjes lûke. Want op plak 17 stiet de nije trainer Dick Schuurman. En dat is net it lêste plak; der binne noch 16 dy’t hjir ûnder steane. Mar dy hawwe miskien leaver net dat wij it sjen litte. En dêr wolle wij fansels wol rekken mei hâlde.