Weppers tiisdei 16-6

Weppers snein 14-6
14 juni 2015
Weppers woansdei 17-6
16 juni 2015

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeapdatum foar de wedstryd SC Heerenveen – MVV op freed 17 july is heechstwierskynlik begjin july. Kaarten binne dan û.o. te krijen by de Jumbo-Kooistra yn Wommels.

Meidwaan by SC Heerenveen – MVV
As der noch lju binne dy ’t meidwaan wolle by MVV tsjin SC Heerenveen op freed 17 july dy moatte efkes in sollisitaasjebrief skriuwe nei MVV. Miskien kin degene him dan lyk yn de kijker fan SC Heerenveen spylje……(klik hjir).

Knappe keeper
Mocht der noch in betelle fuotbalklup ferlegen sitte om in goeie keeper dan is dizze rocker wol wat; John Coffey!
(klik hjir).

De weromsjen-Treffer
Wy binne drok dwaande om de nije Treffer klear te meitsjen. Yn dizze Treffer sil troch alle teams weromsjoen wurde op it ôfrûne seizoen. Wy hawwe fan in soad teams noch gjin ferslach. Jim kinne it dizze wike noch maile nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Ut in âlde Treffer

Dat wiene noch ris tiden… De twa Roberts dy’t alle Treffers yn Easterein rûnbrochten. Spesjaal foar harren it liet wêr’t de nieters doe nei harken.

Harsens derby (1517)
Sa ’t wy altiten al sizze; “hâld de harsens derby”!





Letter mear!