Weppers woansdei 17-6

Weppers tiisdei 16-6
15 juni 2015
Kaartsjes SC Heerenveen-MVV!
18 juni 2015

Nije teamyndielingen jeugd
Wy hope moandei mei de nije teamyndielingen fan de jeugd te kommen hjir op de webside.

SC Heerenveen – MVV
Jûn of moarn komme wy mei grut nijs foar de wedstryd SC Heerenveen – MVV op freed 17 july om 19.00 oere. Jim kinne hjir b.f. lêze wat de yntreeprizen binne en wêr ’t jim ynkoarten kaarten helje(!?) kinne.


De weromsjen-Treffer
Wy binne drok dwaande om de nije Treffer klear te meitsjen. Yn dizze Treffer sil troch alle teams weromsjoen wurde op it ôfrûne seizoen. Wy hawwe fan in soad teams noch gjin ferslach. Jim kinne it dizze wike noch maile nei DeTreffer@vv-sds.nl!

De ôfwoskmasine fan de SDS-feiling
De famylje Heeres wûn op de SDS-feiling in prachtige 2e-hands-ôfwoskmasine dy ’t oanbean wie troch trainer Frans Munsterman. Foardat de masine ynstalleard wie hienen sy der al in bot wille mei, om ’t der in mûzenest yn siet (klik hjir). Ynmiddels is der mûzenestfrij en lit de familie Heeres witte dat de ôfwoskmasine yn Grins draait as in tyt!

Keunstgers Mulier
By Mulier yn Wytmarsum krije sy no al keunstgers. Op harren webside stiet in alderaardichst filmke wêrby der hiel wat dien wurdt troch middel fan selfwurksumheid. Heechstwierskynlik helpt de webmaster fan Mulier ek drok mei, want it lêste filmke is alwer fan 16 maaie (klik hjir).

Harsens derby (1517)
Tét toet, tét toet!!





Letter fêst mear!