Weppers snein 14-6

Efkes Balje
12 juni 2015
Weppers tiisdei 16-6
15 juni 2015

SC Heerenveen – MVV op freed 17 july
Wy binne noch drok dwaande mei de wedstrydposter fan sc Heerenveen MVV Maastricht foar freed 17 july yn Easterein, mar kin wol fêst melde dat der yn de foarferkeap û.o. kaarten te krijen binne by Jumbo Kooistra yn Wommels!!


“Wy bin net benaud, want Tieme is der by!”
Sjoerd van Beem tipte ús in prachtige kollum op Feanonline.nl. Wier de muoite wurdich! (klik hjir).

Midsimmercup
Juster waard yn Dronryp wer fuotballe om de Midsimmercup. Spitich genôch slagge SDS der dit kear net yn om in team op de fuotten te krijen. Dat moat folgend jier al wer oars, want hjir meie je eins net misse. De finale by de mannen gie dit kear tusken Leekster Eagles en Harkemase Boys wêrby Harkemase Boys wûn. Sy hienen dêrfoar al net de minste tsjinstanners útskeakele lykas Drachtster Boys, Avanti, Futsal Emmeloord en Sneek-Wit/Zwart.
By de froulju wûn VIOD. Sy wûnen yn de finale fan Drachtster Boys.

Bushokjes
Yn Chili hawwe se spesjale bushokjes makke y.f.m. de Copa America. Dit wie ek wol wat foar op de Terp yn Wommels. En dan oan beide kanten ien!



Harsens derby (1516)
Dit sil je op keunstgers net gau oerkomme……….