Weppers tiisdei 16-5-2023

Ferling je seizoenkaart by sc Heerenveen en stypje SDS!
13 mei 2023
SDS-League: ‘9 & 10 juny Slachtepop’ pakt de wykpriis!
17 mei 2023

Gert-Jan Hiemstra

Gert-Jan HIemstra makke sneon as 48-jierrige syn debút by SDS 1 as keeper. Jierren fuotballe hy yn SDS 1, mar dit wie dochs wol wat oars. Hy die it hartstikke knap en dat foel ek de Ljouwerter Krante op:

SDS JO19-1 kampioen?

SDS JO19-1 spilet sneon thús om 12.00 oere tsjin ONS JO19-1JM en is by winst kampioen. De mannen sille der dan ek alles oan dwaan om kampioen te wurden en hawwe juster sels trainen hân fan de trainer fan SDS 1, Remco Bervoets.
It wurdt de muoite wurdich om sneon efkes del te kommen tochten wy sa.

SDS JO13-1 kampioen?

SDS JO13-1 soe ek noch kampioen wurde kinne, mar sy binne dan ôfhinklijk fan DWP en Mulier. Sneon earst sels de derby mar winne fan vv Ossterlittens JO13-1.

SDS JO11-1 kampioen!

Foar de winterstop waard SDS JO11-1 kampioen. It waard dan ek heech tiid om de kampioenssjurts sjen te litten:

Fûn guod

Mocht ien wat kwytreitsje by SDS dan kinne je by Willem Twijnstra heare as der wat fûn is. Syn nûmer is: 0515-332570 en syn eameladres is w.twijnstra@home.nl

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League komt heechstwierskynlik jûn let of moarn. Earst ôfwachtsje as FC Groningen – Ajax in kear dien is…….

Harsens derby (2167)

Hy koe krekt net by de bal…………

 

Letter mear!