SDS-League: ‘9 & 10 juny Slachtepop’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 16-5-2023
16 mei 2023
Weppers freed 19-5-2023
19 mei 2023

It is dizze wike ‘9 & 10 juny Slachtepop’ fan Broer-Jacob Greidanus dy ’t de wykpriis pakt yn de SDS-League. In bettere reklame kinne je net betinke.

Sa mei Robin van der Weg derby is it noch bettere reklame.

Boppeyn op ‘e nij stuorke wikselje. ‘Team Hatseflats’ fan Thys Bruinsma nimt de kopposysje wer oer fan Jaaps ‘Torpedo Toering’.

‘Jopie Kwast’ fan Erik Haitsma komt krekt in punt tekoart foar de wykpriis, mar kloppet mei syn 11e plak al oan by de top 10.

Pieter Sijtsma siet snein by FC Groningen – Ajax………. Wy begripe no dan ek dat syn team ‘Grote Gezeik’ hjit, want dat wie it seker. Pieter giet al fan it 44e nei it 32e plak en die mei 64 punten dochs noch aardich mei foar de wykpriis. Al tinke wy net dat it syn stimming in soad ferbetterje sil.

‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp stiet noch stiver lêst as ferline wike. ‘Het Dispuut’ fan Jasper de Boer rint mar leafst 14 punten út. En dat yn de wike dat Okke syn oare klupke vv Oudega 75 jier bestiet.

Noch twa wiken te gean!

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 12.1