Weppers tiisdei 16-5-2017

Gearwurking vv Nijland en SDS
16 mei 2017
Weppers woansdei 17-5
17 mei 2017

SDS VR1

Sij spile jûn yn Stobbegat tsjin FFS VR1. It waard in bijsûndere wedstriid want sels mei 9 frou yn it fjild wist SDS te skoaren. De einstân wie 1-4. Doelpunten fan Agnes (de 0-2 mei har geloksokken oan) , Tjitske (de 0-1 , de 0-3 en de 0-4).

SDS seal

SDS seal hat de  útwedstriid tsjin Balk 3 mei 6-5 ferlern.

Tefreden mei rekord

Erik Haitsma hie it oer in persoanlik rekord dit wykein. Twa wedstriden efter elkoar skoard en yn beide wedstriden gjin kaart.

Flagje!

No ’t Bertus Bootsma jûn wurkje moast socht Vr.1 in flagger. Jacob-Klaas Haitsma sil dit jûn op him nimme. Wy binne benijd as it him wat befalt.

Readwyt


It falt gewoan op al dy moaie Feyenoord sjurts bij de jeugd no. Jierrenlang oerhearsten oare sjurtsjes mar Jikke en Benthe Anne fan MC1 wûnen wol grutsk efkes foar de kamera stean.