Stypje SDS no mei help fan RaboClubSupport!
14 september 2026SDS-League: Wepmaster Aant pakt syn twadde wykpriis ea!
15 september 2026SDS 2 wint oertsjûgjend yn Ljouwert
Nei de koarte wedstriid fan sneon mochten wy moandei alwer it fjild op. Dit kear stie in útwedstriid yn Ljouwert op it programma. Mei in goed gefoel en frisse skonken waard der ôftraapje foar in nije bekerwedstriid.
It duorre net lang foardat it twadde de skoare iepene. Nei in skot fan Bauke wie it Jildert dy’t de rebound sûnder problemen binnen tikke.
Net folle letter folge der in prachtige oanfal. Nei een prachtige combinatie op it middenfjild oer meardere skiifen wie it Jelte Pieter mei een stekbal op Ewout, wêrnei’t de oanfal kreas ôfrûne waard. In doelpunt dat sjen liet dat it twadde ek sûnder Kelderklasse-klutsen ta moaie dingen yn steat is.
Jildert hie dêrnei de kâns om syn totaal noch wat earder op te skroeven, mar wist it netsje net tot bollien te bringen. Gelokkich kaam der út de folgjende foarset dochs in doelpunt: Jelmar kopte, yn sien debuutwedstriid, de bal behearst binnen.
De 4-0 kaam op de bekende Kelderklasse-wize ta stân: in flinke kluts foar it doel, wêrby’t de bal úteinlik dochs yn it net bedarre. En doe kaam de ketchupflessetehorie wer om ’e hoeke. Nei’t Jildert syn earste treffer der eindeliks yn siet, kaam no ek syn twadde fan de wedstriid.
In publiekswiksel koe fansels net útbliuwe. Under lûd applaus fan’e bank mocht Jildert san 10 minuten foar it letste fluitsigniaal it fjild ferlitte.
Der wie sels noch hast in fyfde doelpunt. Nei in feilloze oanfal tusken Sietze, Jelte Pieter en Jorn wie it Jelte Pieter dy’t de bal tsjin it aluminium ploffe liet. Spiitiggenôch krekt op de krusing…….
Der wiene noch genôch kânsen om de skoare fierder út te bouwen, mar dy doelpunten binne foarsichtich bewarre foar de kommende wedstriden.
Yn ôfwachting fan wat der mei de staakte wedstriid tsjin Frisia bart, liket it twadde in foutleaze bekerpoule te spyljen. Mei twa wedstriden, in doelsaldo fan +10 en in soad fertrouwen stiet de ploech der goed foar.
Mar no wurdt it serieus: sneon giet de kompetysje fan start. Kin SDS 2 dizze foarm meinimme nei de earste kompetysjewedstriid, of moat de ketchupflesse wer even skodde wurde?
Mei freonlike groet,
De skriuwkommisje fan it twadde
SDS MO13-1

Samar wer in alvetalfoto fan in jeugdteam. Robert Hoekstra is de tariner/koach en dy past dêr prima bij wat syn foarnamme oangiet.
Dy bestiet ek út twa lettergrepen….
Freedtejûn fuotbal
At wij it programma fan freedtejûn sjogge dan liket it der op dat der noch ien team aktyf is.
SDS 35 + sjogge wij stean. Sij fuotbalje freed yn Wytmarsum tsjin Muliers, SC Joure, Oosterlittens en Arum
Denktank
Denk mee! Het bestuur van SDS heeft een visie- en beleidsplan geschreven: waar staan we voor als club en wat willen we in de komende 10 jaar bereiken?
Dat plan gaat jullie aan!
aarom vinden we het belangrijk dat stuk aan leden en vrijwilligers voor te leggen, zodat we er met elkaar een goed plan van kunnen maken.
Dus kom ook 23 september en denk mee! Meer info op de flyer op deze site.
De nije SDS-League
As alles mei dsit dan kinne jim hjir jûn de aldernijste stân fan de SDS-League besjen.

Harsens derby (2412)
Ho…………………………
Oh keeper 😅 #SundayLeague pic.twitter.com/KkeHnVSOrn
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) August 25, 2026


