De zeebenen van JO13-01
12 september 2026Weppers tiisdei 15-9-2026
15 september 2026Tegeare fiere wy de winst!
Mei Rabo ClubSupport ynfesteard Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland in part fan harren winst yn lokale klups en ferienings.
Hoe wurket it?
Asto lid bist fan de Rabobank kinsto SDS helpe!
Stimme kin fia dyn eigen Rabo-app fia ‘Instellingen’, ‘Lidmaatschap’, en ‘Rabo ClubSupport’.
Sykje ferfolgens op “sds” en selektear dizze.
Elts lid fan de Rabobank krijt 3 stimmen.
Neist SDS kinst dan noch stimme op bygelyks de Skoalleseize, KF Easterein, KF Wommels, Tennisferiening Easterein of Wommels, Stichting de Tsjerne, Freulepartij Wommels, Zwembad De Klomp of Doarpsfeesten Wommels.
Wêrom stimme?
SDS wol it jild wat hjirmei fertsjinne wurdt graach brûke foar de kosten fan de slotdei fan de jeugd.
Stimme!
Hjir kinne je sjen wa ’t der allegear meidogge. De aksje duorret fan 7 oant en mei 29 septimber.
Net stinne mar stimme!




