Weppers moandei 14-12

Sealtoernoai F-pupillen
13 december 2015
Weppers tiisdei 15-12
14 december 2015

Sealtrainen
SDS D2 hat fannemiddei fanôf 17.00 oere sealtrainen fan Pieter Sytsma. It hiele sealtrainskema kinne je
hjir fine.

Net flagje?
Enne-Jehannes Bruinsma wie sneon flagger by sc Joure 1 – SDS 1. Hy hie it net drok. Al hielendal net mei bûtenspul. Hy hoefde de hiele wedstryd net ien kear te flagjen foar bûtenspul. Syn kollega oan de oare kant hie it in stik drokker. Dy hat al mei al 1(!?) kear foar bûtenspul flagge.

Winterskoft
De spilers fan SDS 1 hawwe winterskoft. Sy begjinne yn jannewaris wer te trainen.

Spulrigels
De âldste jeugd fan SDS is goed op de hichte fan de spulrigels, want sy moasten ferline jier allegear harren spulrigelbewiis helje. Oars oars mochten sy net mear fuotbalje. Sy witte no dan ek gans mear as oare SDS’ers. Om oaren ek in kâns te jaan itselde nivo te heljen hat de KNVB 
hjir alle spulrigels op in rygje setten. Doch der je foardiel mei!

Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat sneon noch folle mear foto’s makke by SDS Vr.1 – Balk Vr.2 dan jim juster by de weppers sjen koenen. Sjoch
hjir mar ris.

SDS-krystsealtoernoai F-pupillen
Kommende sneon is wer it jierlijkse krystsealtoernoai foar F-pupillen. De F’kes kinne der hjir alles oer lêze en harren opjaan.

Krystsealtoernoai Frjentsjer
Guon SDS’ers sille sneon wer los yn de foarronde fan it tradisjonele krystsealtoernoai yn Frjentsjer. SDS fuotballet sneon mei Jacob-Klaas, Tsjipke, Feite, Jehannes Tichelman, Sicco Scheltema en ien fan de wepmasters. Jaap Toering is noch in twifelgefal. 2e-Krystdei slút Freek Tichelman him der ek by oan.
Bote Strikwerda docht ek mei in ploegje mei en spilet mei û.o. Jacob van Wieren en Wytze Lanting.

Harsens derby (1641)
Dizze ferdigener hie better op follyballen kinnen………