Weppers tiisdei 13-7

WK pot proai foar Hessel
12 juli 2010
Wa wie spiler fan it jier?
14 juli 2010

Spiler fan it jier
De lêste jierren wie it gebrûklik om by SDS 1 in spiler fan it jier út te roppen. Foarich seizoen waard dat Jaap Toering. Dit jier is de útferkiezing der net fan kommen. De beker leit no by Marco Hoekstra thús. Wy hawwe dêrom mar besletten om fia de webside in útferkiezing te hâlden. Moarn kinne jim him hjir fine.

Winner bline pool
Sneintejûn ha we in bline toto hâlden yn de kantine. De priiswinner is Jacco Kooistra. Hy hat in rêchsek út de nije  kledinglijn fan SDS wûn. De opbringst fan de bline toto is nei KF en SDS gongen.
Foarsitters KF en SDS
Germ en Douwe D

Gjin weppers?
Dat wy juster gjin weppers hienen hie neat te krijen mei it ferwurkjen fan it ferlies fan sneintejûn (sjoch
hjir), mar alles mei it klearmeitsjen fan de einstân fan de SDS WK-League.

Kompetysje 2011-2012
De KNVB hat no alfêst mar bekend makke dat de kompetysje foar it seizoen 2011-2012 los giet op sneon 5 septimber 2011. Set dit mar fêst yn de aginda.

Spanje derút!
“No rint Huntelaar waarm, mar wa moat der dan út?” Tiemen(4 jier); “Spanje, natuerlik…………..”

Fokke & Sukke
F&S lezen nu pas de kleine lettertjes (NRC, ma, 12-07-10)

Harsens derby (249)
Dy Dútse bondscoach Joachim Löw koe hiel wat mei ien snotsje. Mesut Özil kin alles mei in kaugombol: