Weppers tiisdei 13-6

Weppers moandei 12-6
12 juni 2017
Vacature trainer SDS JO19
13 juni 2017

Spullen ynleverje

Graach sa gau as mooglik alle sleutels, ballen, wettersekken, sjurts, pionnen, bidons en sa ynleverje by Klaas de Haan, sadat hy sjen kin hoefolle wy eins fan alles hawwe en as der ek wat nijs komme moat. Graach yn elts gefal foar freed 17 juny!
Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl. 

Amarins Tjalsma nei ONS

Amarins Tjalsma fan SDS Vr.1 sil kommend seizoen by ONS Vr.1 fuotbalje. Amarins Hat har hiele jeugd by SDS fuotballe en sil it no probearje by 1e-Klasser ONS. In hiele stap, mar wy binne der wis fan dat sy it dêr rêdt! In hiele bult súkses tawinske!

Spitich……..

Habtamu de Hoop en Matthijs Postma meie sneon noch ien kear fuotbalje foar ONS JO19-1. Sy spylje dan yn de finale fan de neikompetysje tsjin AZSV yn Hoogeveen om in plakje yn de 3e-Divysje. Hartstikke moai sa ’n finale fansels, mar no moatte sy it matinee yn Wommels al misse……… En tongersdeitejûn komme sy ek let yn de tinte, want dan moatte sy noch efkes traine. En freedtejûn? Ja……..

Wiis mei!

Inkelde supporters fan sc Heerenveen binne tige bliid mei it nije kompetysjeprogramma. No kinne sy harren seizoenkaart foar de lêste wedstryd fan it seizoen thús tsjin Feyenoord miskien moai djoer kwyt oan Feyenoordsupporters…….. (klik hjir foar it hiele programma).

Nij Cambuurstadion

It liket der op dat it nije stadion fan Cambuur no dochs eindelijk boud wurde sil. It sil wol by it FEC komme, mar oars wie it ek noch in opsje west om it by de Bonkefeart del te setten………

Related image

WK

It Wommelser kampioenskip gie juster wer los en stie fansels hielendal yn it ramt fan; ‘de earste kear!’
In soad lju seagen op tsjin ‘de earste kear’ en sa stienen der om 19.30 oere 10 man op it skopfjild fan Wommels om in knappe 5-tsjin-5-partij op de matte te lizzen. De giele hesjes waarden útdield en sa ûnstienen der 2 ploegjes;
Team ‘Giel’: Elger, Erik, Habtamu, Pieter S. en Hendrik E.
Team ‘Anne’: Teun, Arjen, Jacob-Klaas, Frank en Willem.
Wat foel dizze ‘earste kear’ op;
Elger – hat earst de goals út Easterein helle
Erik – fuotballe of wie it syn alderearste WK
Habtamu – in oanwinst foar it earst-e
Pieter – krige as earste in bal op de tennisbaan
Hendrik – de earste kear docht meastentiids in bytsje sear
Teun – miste as earste in hattrick oan missers foar iepen goal
Arjen – wie dúdlik de kr-easte
Jacob-Klaas – de earste kear falt it altiten wat tsjin
Frank – de earste keeper dy ’t gjin wanten nedich hat
Willem – makke de earste winnende fan dit WK
De wedstryd gie yn it begjin lyk op, mar waard úteinlik mei 18-15 ‘wûn’ troch ‘Giel’. Noch neat ferlern foar de oare partij fansels, want doe begie it pas écht; de winnende goal. 98% balbesit foar ‘Giel’ koe harren net oan de oerwinning helpe, want it wie úteinlik de skriuwer fan dit stikje dy ’t it safolste tikke breed fan de jûn ûnderskeppe koe en sa de winnende goal meitsje koe!
Woansdei edysje 2 om 19.30 oere op it skopfjild yn Wommels!

Harsens derby (1902)

It sil dochs net sa wêze dat dizze flater Oranje it WK kosten giet?