Weppers moandei 12-6

Weppers sneon 10-6
10 juni 2017
Weppers tiisdei 13-6
13 juni 2017

Foarlopige nije teamyndielings jeugd

As alles wat meisit dan komme dizze wike de nije teamyndielings fan de jeugd hjir op de webside.

Bekerfinales

Matthijs Postma en Habtamu de Hoop binne der net yn slagge om mei ONS JO19-1 de beker te pakken ôfrûne sneon. Sy ferlearen de finale tsjin Urk JO19-1 mei 6-2. Jesse de Vries spile mei ONS JO11 ek yn de bekerfinale. Yn in lytse kompetysje mei noch 3 teams waarden sy úteinlik knap twadde efter NEC Delfzijl.

‘Nije’ senioareleden!

Wy hawwe der wer twa ‘nije’ senioareleden by. Sjoerd de Vries hat in ‘sabbatical’ jier hân en slút nei de simmerfakansje oan by SDS 2. Jehannes Abma hat in ‘sabbatical’ decenium hân en slút oan by SDS 4. Wolkom werom!

Alize Bootsma nei sc Bolsward

De keepster fan SDS Vr.1, Alize Bootsma, hat witte litten nei de simmer by sc Bolsward keepen te gean. Tige spitich fansels, mar wy hoopje dat sy ek yn Boalsert in soad wille hawwe sil tusken de peallen.

Lokwinske!

It reint jierdeis op it heden. Sawol Jaap Toering as Hendrik de Jong binne hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Wommelser Kampioenskip

Eale freonen fan it Wommelser Kampioenskip(WK),

Alwer in jier foarby werby je ôffreegje kinne as it allegear net fierste te snel giet.
Alderearst in oantal bestjoerlike meidielings. Ate Feike de Boer hat dit jier syn 25 jierige jubileum en wurdt dêrom troch it bestjoer yn it sintsje setten. Hy hat de keuze krigen ût in cheque fan 500,- foar in goed doel as in stânbyld fan him sels op’e Terp. Ate hat sels de fergunning al oanfrege en wy binne mominteel drok dwaande om in geskikt plak te sykjen foar it byld (by Clara as dochs de Jimbar). Dêrneist hat Elger Turksma him de ôfrune jierren mear as nuttich makke foar it WK. Hy sil dan sa stadich oan ek de taken fan Ate oernimme. Yn it takommende WK-ferslach sil Elger him foarstelle oan it grutte publyk.

Weromsjend op it ôfrune fuotbalseizoen kinne je wikseljende konklúzjes lûke. It flaggeskip fan SDS hat wer in labbekakkich seizoen wer hja alle klisjees op los litte kinne;

  • We hawwe betiden moai fuotbal sjoent
  • Der komt in moaie lichting oan
  • We binne noch net konstant genôch
  • It gelok is net oan ús side

Gearfettend; It seizoen fan SDS 1 sil mei in krappe hanthavening net as memorabel de analen yn gean. It twadde alvetal is dit jier kampioen wurden. Prima prestaasje al wie it misken ek wol wat te ferwachtsje yn’e reserve 3e klasse. Takom jier 2e  klasse wurd in útdaging wer it WK wer as prima tarieding fungearje kin. It tredde en fjirde alvetal fan SDS belibbe spitigernôch beide in minder seizoen. Oarsaak hjirfan is divers; fan âldens oant ynset.

It hat it WK bestjoer oan it tinken set.  Wer leit no de oarsaak fan it yn algemien matig optreden fan de manlike senioaren. It fuotbaltechnisch gedielte is ôfrune jierren goed behannele by it WK wat sich ek faaks werom sjen lit yn it goeie fuotbal fan SDS. Mar wat is dan it probleem!

Foargeande kwestje bringt ús ek lyk by it tema fan dit jier; ‘Let’s get physical!’ It wurdt wer tii dat der echte mannen yn it fjild stean. Beammen fan keardels die fanôf de earste minuut benaudens by de tsjinstanner bringe. Oansjoent wy fan it WK minsken net langer meitsje kinne sille we ûs fokusje op de duelkrêft fan de spiler. Net benaud en mei in Wâldske mentaliteit it fjild yn! Uteraard is it net de bedoeling om in kaartenfestijn te kreëarjen. Der sil dan ek noatfêst sjoent wurde wer de grins tusken akseptabel en oertreding leit.

De reade rinner is útleint, de goaltsjes stean klear, de hesjes binne wosken en de bal is op 0,8 bar brocht. Graach wolle wy op moandei 12 juny 2017 om 19:30 los gean mei de edysje 2017 fan it WK. Ik hoopje jim dan allegear wer te ferwolkomjen!

Nimmens it WK Bestjoer,
H.K. Engbrenghof

Harsens derby (1901)

Brazilië – Argentinië is in alderaardichst affysje mei as hichtepunt dizze steward!