Weppers tiisdei 13-5

Weppers -moandei 12-5
11 mei 2008
Weppers woansdei 14-5
13 mei 2008

SDS 3 spilet gelyk
Tiisdeitejûn spile SDS 3 in ynhelwedstryd tsjin Berltsum 2. De ploech fan Jappie Wijnia spile 2-2. De hearen Kooistra en Postma skoarden. De lêste die dit mij syn lofterfoet út in frije traap.

Kreas dien
Pinkstermoandei sieten de 11 stêden fytsers wer 240 kilometer op it sadel. Wij binne net fan dy fytsers dêrom hawwe wij grutte wurdearring foar dy SDS-ers dy’t de tocht útfytst hat. Wij seagen ferskillende sportive kûten dy’t ús sneons bekind foar komme. Coen Rameau fûn it in makkie en Gearard van Asselt hie ek gjin muoite.
Foar Henk Postma kaam dizze tocht noch wat te betiid: hij lit ús witte dat er de tocht “op lettere leeftyd” dwaan sil.

Hjir it bewiis….
(noch mear foto’s komme op de webside fan Henk Bootsma)
 

Ek kreas dien
De bettere SDS keatsers hawwe sneon en moandei ek wer sjurtsjes oanlutsen fan harren eigen doarp om te keatsen yn Frjentsjer. Wommels waard sneon twadde en Easterein moandei fiifde. Allegear fan herte.

Fuotbalje
Tiisdeitejûn moat er in seniore alvetal fuotbalje. Jim begripe wol hokker. Sij moatte tsjin Berltsum 2. It begjint om 19.00 oere en wij binne benijd at de kûten fan Jentsje en Jan ek stiif binne.

Fergaderje
Folgende wike tiisdei 20 maaie fanof 19.30 oere is der wer in fergadering mei de JC/TC en de leiders/trainers. Tagelyk is de mooglikheid om de materialen yn te leverjen. De leiders/trainers krije noch in mail werin sy utnoege wurde.
Groetnis,
Anco

Bekende skeids
Op de webside fan vv Olde Veste seach Douwe-Dirk Reitsma dat in bekende kollega-skiedsrjochter sneon de lieding hie by Olde Veste – Oeverzwaluwen….(sjoch hjir).

Strafskop
Yn Brazilië is de kompetysje krekt begien. Opfallend wienen mei namme de penaltys op de earste spyldei. 2 fan de 3 waarden naam troch earst in saneamde “skijntraap” te dwaan. Sjoch hjirûnder mar ris:
• 02:40 schijntrapstrafschop Geraldo
• 14:40 ‘gewone’ penalty Moraes
• 19:55 schijntrapstrafschop Diogo