Weppers -moandei 12-5

Weppers snein 11-5
10 mei 2008
Weppers tiisdei 13-5
12 mei 2008

F1 gelyk
Mooi weer en een tevreden F1. Vorige week thuis tegen Minnertsga  hebben we verloren, vandaag moesten we alweer tegen  de kampioenen uit onze competitie.

Het was behoorlijk warm in het hoge noorden, maar onze jongens hebben zeer goed revance genomen.
De boys uit minnertsga kwamen ons tegemoet op de kampioenen wagen en zouden thuis wel weer even van ons winnen.
Onze jongens waren op het laatst bijna allemaal beroerd van inspanning en warmte, maar hebben een hele mooie pot voetbal laten zien.
Uiteindelijk werd het 1-1.
Goed gedaan jongens.
Johan

Klaas Visser
At SDS 5 in hoekskop krijt, dan is Klaas Visser meastal de man dy’t him nimt. Tige rêstich keutelt hij dan nei de kornerflagge. Sommigen tinke dat Klaas net flugger kin, mar dat leit oars. Hij nimt safolle tiid, om Ype Burggraaff de gelegenheid te jaan hielendal fan efteren te kommen en plak te nimmen bij de twadde peal om de pankleare bal yn te koppen.
SDS 5 krige krekt foar de ein noch in lêste korner en op it momint dat Klaas syn oanrin naam seach hij dat Ype dizze kear net meikommen wie. Hij seach wol allegear oare ploechgenoaten stean, mar dêr hie hij net folle betrouen yn: Klaas krulde de bal yn ien kear yn it doel. 

Bijtekene
It is wer de tiid fan kontraktferlingingen. Bij SDS 5 feroaret sa’t it no liket net folle. Ype Burggraaff (57) hat foar 10 jier bijtekene. Alteast dat liede wij ôf fan it feit dat hij djoere nije fuotbalskuon kocht hat, dy’t neffens de ferkeapster wol 10 jier meigeane. Wol ûnder de foarwaarde dat er net op traind wurdt. Ype hat tasein dat er him dêr oanhâlde sil.

Kampioensdei
At alles mei sit wurdt it woansdei in kampioensjûn yn Easterein. E3 en C1 moatte beide thús om 19.00 oere en beide kinne kampioen wurde. Hjir mei fansels net ien misse.

Sponser

Net oeral yn it lân hingje reklamebuorden fan âldizerhannelers. Mar wol bij WPB. En omdat de spilers fan SDS 5 it sa’n moai boerd fûnen, en omdat it dêr gesellich siet, krigen se fan de direkteur fan Hippe Vermaning Reclycling in kratsje bier foardat se werom gyngen nei hûs.

In meter fleskes

Jaap Boekholt naam ôfskie en dêr moast op dronken wurde fansels. Stoffel wie alhiel út de skroeven doe’t er ín meter fleskes bier ophelje koe.

Tuskenstop

Fan Snits nei Easterein is dochs noch wol in aardich ein op de fyts. Moai dat je dan útnoege wurde om efkes in bierke mei te drinken op in prachtige lokaasje oan de Frjentserter feart, dan is dat in aardige ûnderbrekking. De gasthearen fûnen it wol spitich dat PvP der net bij wie.