Weppers woansdei 14-5

Weppers tiisdei 13-5
12 mei 2008
Weppers tongersdei 15-5
14 mei 2008

Spannend
It wie jûn spannend yn Easterein. C1 koe kampioen wurde. Ek E3 soe mei in oerwinning it kampioenskip binnenhelje kinne. Om goed 8 oere wie it earste feessie. E3 kampioen en om healwei njoggen klonk der al wer “muzyk” út de boksen want C1 wie ek kampioen. Moarn mear hjir oer.

SDS Da helje ek yn
Tongersdei is it froulju jûn. De froulju spylje dan ek om 19.00 oer thús tsjin  Harlingen.

Net traind
SDS 2 soe justerjûn wakker traine. Der wienen mar 5 man en it gie dan ek net troch. De rest fan de spilers wie oan ’t wurk, blesseard of spile mei by SDS 3.

Net wer fuotbalje
Jeroen Brouwer rekke ôfrûne sneon yn de wedstryd tusken SDS 2 en Hardegarijp 3 op ‘e nij blesseard oan syn rjochterknibbel. Jeroen tinkt dat hy wer lêst fan de meniskus krigen hat en net wer fuotbalje sil. Wy hoopje dat it tafalle sil.

Ek fytst
Ek Harm-Auke Dijkstra hat de fytsalvestêdetocht fytst. Henk Bootsma kaam him tsjin tusken al syn oare foto’s:

Hampie syn PSV-surt lei seker yn de wosk?

Gjin beamen
De nije trainer fan SC Heerenveen, Trond Sollied, liket ús no al in trainer nei ús hert. Op de fraach as hy ek in soad oan boskloopkes docht om de spilers yn kondysje te krijen antwurde hy: “Op een voetbalveld staan toch ook geen bomen………”

VI-kwis
Op de webside fan de VI stiet wer in aardige kwis(klik hjir).

35 jier lyn
Jan de Jong makke ús noch efkes attent op in feit fan 35 jier lyn. Net it feit dat ien fan de webmasters op 11 maaie mei gemak troch de keuring foar it leger kaam, maar op de dei dêrfoar, doe’t SDS yn Snits spile. Dit fûnen wij op de site fan
DWP.
Woensdag 10 mei 1973 was eveneens een gedenkwaardige dag in de geschiedenis van D.W.P., deze avond werd op het verlichte Sneek-terrein de beslissingswedstrijd gespeeld tussen D.W.P. en S.D.S. met als inzet de titel van de 1e klas A van de FVB.
Ruim 800 toeschouwers waren getuige dat D.W.P. al binnen 13 minuten tegen een 0-2 achterstand aankeek door enorme blunders in de verdediging.
Trainer Henk Prinsen noemde dit onverklaarbaar omdat het elftal in de competitie dat seizoen slechts acht tegendoelpunten incasseerde. De eindstand 0-3 werd al voor de rust bereikt en dit bleek tevens de eindstand te zijn. De schade bleef beperkt door goed keeperswerk van D.W.P.-doelman Johannes Visser die het volgende seizoen zou vertrekken naar sc Heerenveen.

Letter mear!