Weppers tiisdei 11-2-2020

Werom sjen op 1970-1971
10 februari 2020
Mei SDS nei sc Heerenveen!
12 februari 2020

SDS 1


Kommende sneon stiet er ien wedstriid op it programma bij SDS : SDS 1 – Heeg 1.
Dêr geane jim fansels allegear hinne.

SDS VR1

Woansdeitejûn spilet SDS VR1 yn Aldemardum tsjin NOK VR1. Se gean dêr yn de lijte fan de bosken om 20.00 oere los .

SDS seal

Sjen at it op tongersdeitejûn ek sa goed sealbolje wol. SDS 1 moat út tsjin Oeverzwaluwen 1 yn sporthal de Sândobbe yn Koudum

SDS/Nijland JO 13-2

De kop fan harren wedstriid ferslach fan sneon is dat se de kater fuortspile hawwe. Dat makket nijsgjirrich. Sjoch hjir.

Twadde stjêr


San’n 36 jier nei syn lêste doelpunt hat hij dan dochs syn twadde stjêr bij Voetbal Noord.
Troch de âlde plakboeken (begjin jierren 70) komme der hieltyd mear doelpunten foar it ljocht en it oantal fan Pyt de Jong út Wommels kaam hieltyd tichter bij de 50.
Dit wykein waard it seizoen 1969-1970 bijwurke en kamen it 50ste doelpunt boppe tafel. Pyt is der tige wiis mei.
Sjoch hjir syn doelpuntenlist.

SDS-League

De earste teams streame alwer binnen. Je nije team meie je ynleverje foar kommende sneon 15 febrewaris om 19.00 oere. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Start Poiesz-jeugdsponseraksje!

De Poiesz-jeugdsponseraksje is wer fan start gien. Oant en mei 5 april kinne wy wer drok munten sparje by de Poiesz foar de jeugd fan SDS. Yn de kantine stiet in bus om se yn te dwaan en by de Poiesz yn Skearnegoutum kinne je se yn de SDS-koker dwaan. Hjir kinne je sjen wêr as je dizze wike de measte bonuspunten by krije kinne. De munten fan ferline jier binne net mear jildich.

Dizze wike allegear oan de fulde koeken!

Romper

Eelke van der Wal fan vv Nijland hat mei syn faam koartlyn in lytse poppe krigen. Om ’t Eelke ek yn de jeugdkommisje fan ST SDS/Nijland sit hie de jeugdkommisje wat moais foar him mocht:

Moai waar!

It is te hoopjen foar Feyenoord dat it tongersdei by de bekerwedstriid sc Heerenveen – Feyenoord net al te hurd waait……….

Harsens derby (2208)

Toet, toet!!