Weppers tiisdei 10-9

Weppers moandei 9-9
8 september 2013
Weppers woansdei 11-9
10 september 2013

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 14 septimber 19.00. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.

SDS League(2)
De earste teams foar de SDS League hawwe wy binnen. Ien ding is al opfallend. 2 lju út Australië dogge mei; Bram Strubbe en Martijn Rispens.


Al troch

Wij krije troch dat de folgjende ploegen troch binnen: MC1, F1, A1 en SDS 5.  Wij hawwe it dan oer it beker toernooi.

Ek noch troch?
At SDS B1 kommende woansdei wint, binne ek sij troch yn it bekertoernooi.

Maatregels
Der binne troch de KNVB maatregelen nommen om geweld tsjin te gean. It is goed , nee better it is ferplicht dat elkenien op de hichte is fan dy rigels. Jim kinne se
hjir noch in kear lêze.

Jeugdfuotbalwizer
In tige handich weiwiismakker is dit boekje. Stiet fan alles yn oer hoe’t it allegear sit mei de jeugdwedstriden

Erik
Sneon bestie Zeerobben 50 jier. Dat betsjutte dat se harren earste kompetysjewedstriid net hoechten te baljen. Dat wie ek de reden dat wij Erik Haitsma hjir sneon omstappen seagen. Hij sil jûn oan de bak moatte yn de wedstriid Zeerobben 1- WPB 1.

Dick en Wilma
Dick Schuurmans hat noch wol wat mei SDS. Wilma syn frou hat wat mei de Wâlde. Dat wie de reden dat se sneon yn Easterein wiene bij SDS1 – de Wâlde 1. Dick syn foarspelling fan 3-2 kaam net út. Wilma hie nei ôfrin in goed sin, tinke wij.

Harsens derby(1110)
Yn Sjina is de goal fan it jier al makke. In eigen goal wolteferstean: