Weppers tiisdei 10-8-2021

Tarieding SDS 2
9 augustus 2021
Alles oer de oefenwedstriid SDS 1- sc Bolsward 1
13 augustus 2021

SDS bestiet 74 jier!

SDS bestiet hjod eksakt 74 jier! Allegear fan herte lokwinske! Op nei de 75! No al nocht yn!
As jim noch goeie ideeën hawwe foar it 75-jierrich-jubileum fan SDS dan hear wy it graach!
Mail nei info@vv-sds.nl!

vv Nijland – Jong sc Heerenveen yn Easterein

Om ’t vv Nijland 75 jier bestiet soe vv Nijland jûn yn Nijlân oefenje tsjin Jong sc Heerenveen. It fjild yn Nijlân is allinnich ôfkard en de wedstriid is ferpleatst nei Easterein. Jûn om 18.45 oere dus de wedstriid vv Nijland 1 – Jong sc Heerenveen yn Easterein. Sa fiere wy ek noch in bytsje ús eigen 75-jierrich-jubileum 😉 De kantine is fanôf 18.43 oere iepen.

SDS Vr.1 is los!

Foar SDS Vr.1 is it seizoen ek los. Sy hawwe justerjûn foar it earst traind ûnder lieding fan de nije trainer Johan Wittermans en syn assistent Richard de Greef. Sneontemoarn sille sy wer los fan 11.00 – 12.15 oere..

SDS 1 oefent

Kommende sneon sil SDS 1 foar it earst yn tiden wer ris in échte oefenwedstriid hawwe. Sy spylje thús om 14.30 oere tsjin sc Bolsward 1. KNVB-skiedsrjochter Luinenburg sil de wedstriid liede en Lourens van der Pol is ien fan de assistent-skiedsrjochters. Nije wike tiisdei 19 augustus sil SDS 1 thús oefenje tsjin vv Nijland 1.

SDS 2 mei ek hast los

De mannen fan SDS 2 sille tongersdei foar t earst yn tiden wer los. Sy traine om 19.00 oere ûnder lieding fan Tsjipke Okkema.

SDS JO9-2 stunt!

SDS JO9-2 hat stunt mei it oanlûken fan in illuster trainerskoppel. Boudewijn Kramer en Jeroen Brouwer, earder tegeare tige súksesfol by SDS 2, sille kommend seizoen foar de groep stean.

Súkses op De Freule!

Moarn is de jierlijkse Freulepartij yn Wommels. fansels steane der ek wer wat (âld)SDS’ers op it keatsfjild al binne it der wolris wat mear west. Sa misse wy û.o. Easterein op de list. Wy winskje Luka, Milan en Jente foar Wommels yn elts gefal in soad súkses lykas Ate Schaap dy’t foar Reahûs-Turns útkomt en Redmer Wiersma en Wessel Zijlstra dy’t foar Folsgeare útkomme.

De nije SDS-League!

Kommende freed begjint de Eredivisie wer, dus dat wol ek sizze dat it wer begjint te kribeljen rjochting de nije SDS-League. De transfermerke is noch iepen oant en mei 31 augustus, dus it sil wol begjin septimber wurde ea ’t wy wer los kinne. Hâld de SDS-side mar goed yn de gaten!

Harsens derby (2308)

Knap skot…………….