Alles oer de oefenwedstriid SDS 1- sc Bolsward 1

Weppers tiisdei 10-8-2021
10 augustus 2021
Oefenwedstriid SDS 1 – Nijland 1
17 augustus 2021

Ynlieding

Sneon 14 augustus is e earste echt oefenwedstriid fan SDS 1 at wij de ôfskiedswedstriid fan Jacob Klaas net meirekkenje. Om 14.30 yn Easterein is sc Bolsward de tsjinstanner.
It moaie fan dizze oefenwedstriid is dat publyk gewoan fan herte wolkom is.

Opstelling

De seleksje bestiet út 19 man en wij sjogge dêr yn in ferrrassende namme.

1 Jaap©️
2 Wiebe
3 Erik
4 Wierd
5 Anco
6 Pieter
7 Steven
8 Teun
9 Hendrik
10 Matthijs
11 Peter
12 Mark
13 Jacob-Klaas
14 Remco
15 Douwe
16 Gerbrand
17 Sjirk
18 Habtamu
19 Jelmer

Utslach

In sc Bolsward op folle oarloachsterkte en in SDS mei in ferskaat oan âld SDS1 spilers, jonge gasten en in pear betûfte SDS1 spilers, dat wie it senario sneontemiddei.
De útslach seit alles. sc Bolsward hie de kânsen en skoarde mar leafst 6 kear. SDS 1, 2, 3, JO19, JO17 kaam net fierder as 2 kânsen.