Weppers tiisdei 10-6

Weppers snein 8-6
8 juni 2008
Stân SDS EK-League 10-6
10 juni 2008

Tas fuort
Doe’t ik juster(=snein) nei hûs soe nei it horekakeatstoernoai wie myn tas al fuort. Miskien hie ik better ek earder fuort kinnen mar helaas. No hoop ik dat tas nûmer njoggen (op’e kop: seis) mei ien fan de Eastereiners of Wommelsers mei gien is, sadat ‘r wol yn fertroude omjouwing is.
Mar as immen myn tas per ongelok meinommen hat wol dyjinge dat dan efkes by my bekind meitsje?
Tankewol,
Skelte

De biten hûn
Daan Boersma wie juster de biten hûn. Hy seach it fuotbaljen op de Walperterwei en hjir wienen ek Dennis en Mirjam mei de hûn. By de 2-0 foar Nederlân juichde Daan blykber iets te hurd. De “Italjaanske terriër” biet Daan lyk yn it kût.

WK
Jûn om 20.00 wurdt der wer fuotballe yn Wommels. Omdat it helmgêrs op it sportfjild sa lang is wurdt no sjoen as it miskien better is om op de Terp te fuotbaljen. Eltsenien is wolkom!

Midsimmercup
Enne Bruinsma hat sneon ferskeidene foto’s makke tidens de Midsimmersup. Wy hoopje se moarn op de webside sjen litte te kinnen.

SDS EK-League
Troch de grutte oanrin fan dielnimmers oan de SDS EK-League op de lêste dei(35 man!!) kinne wy noch altiten net mei de earste stân komme. Wy hoopje jûn let alles klear te hawwen.

Hoefolle?
De belangstelling foar de SDS EK-League blike úteinlik dus aardich grut te wêzeen. Der dogge sa ’n 80(!!) lju mei.

Slachtekaarten
Wa ’t noch kaarten hawwe wol om de Slachte kommende sneon om te rinnen moat efkes nei de weppers fan snein om kaarten te regeljen.

Tsjongejongejonge
Yn Brazilië binne net alle fuotballers like handich(klik hjir).

Moarn mear en asen noch de earste stân yn de SDS EK-League!!!!