Weppers snein 8-6

Weppers freed 6-6
5 juni 2008
Weppers tiisdei 10-6
9 juni 2008

Slachtekaart te keap
Te keap in slachte maratonkaart tsjin  gewone priis
Groep 6. opstap plak Raerd
Tel douwe reitsma
0515-332500

Noch in Slachtekaart te keap
Startkaart Slachtemarathon groep 8  (start 07.55)  Vetrek bus Leeuwarden 06.40 uur. Normale prijs 30 euro
Bellen 06-54351178  (0515-332315)
Popko Wijnia

Ideale opstelling
Fan Tjerk van der Pol krigen wy alfêst de ideale opstelling foar moarn:


Midsimmercup

SDS 1 futsal hat juster meidien oan de Midsimmercup yn Dronryp. SDS kaam oan ’t de 16e finales. Hjiryn waarden se útskeakele troch de lettere finalist CSL(0-1). Yn de poule waard SDS 1e troch te winnen fan DTD(DeTrijeDi…) en Warga, lyk te spyljen tsjin Veenwouden en te ferliezen fan NOK.
Winner fan it toernoai waard juster ferrassend Friesland. Dizze freonenploech kin no mar better stopje, want better as dit seizoen kin it hast net mear wurde. Sy waarden kampioen yn de Haadklasse, wienen heale finalisten mei de Midwintercup en winne no samar de Midsimmercup.

Jarno
Bas van der Weij en syn Annika hawwe in lytse poppe krigen. Hy hyt Jarno. Fan herte lokwinske!!


SDS EK-League
De earste stân fan de SDS EK-League sil moarn wol komme. Op de lêste dei krigen wy noch sa ’n 30 foarsizzingen binnen en dat makket it dat wy wat letter binne.

Neaken torch it park?
Don Leo docht gjin rare dingen mei syn Polen. Sy geane dus net neaken troch it park drafen. Dat hoeft foar ús ek net as sy jûn mar gewoan winne fan Dútslân(klik
hjir).

Hakkenbar
“Wiesen sie vielleicht ein hakkenbar?