Weppers sneon-snein

Weppers freed 14-2
14 februari 2014
D2 kampioen yn de seal
16 februari 2014

Pupillen fan de wike

Pupillen fan de wike wiene juster Ate Schaap en Anne  KlaasBootsma, beide út Turns. Sij hiene it juster dreech en kâld yn de hurde wyn. Dreech omdat SDS sa nedich yn de earste helte nei de toer ta fuotbalje woene  en de jonges harren doelpunt meitsje moasten yn de stoarm op.
It wie úteinlik it ienige doelpunt dat wij seagen dizze middei. Dat se it hiel noflik fûnen yn de dugout waard dúdlik doe’t se op de foto moasten. “Ruurd Visser” seinen se beide, dy hie de 90 minuten bij harren sitten hiene yn de dugout.

 

Oan de SDS leden

Moandei te jûn is it wer sa fier;

De rie beslist dan hoe it komt mei it kunstgersfjild yn Easterein. Dit is tige spannend.

Wy, as bestjoer, dogge wer in oprop om mei sa folle mooglik leden op nei it gemeentehûs te gean.

Kom allegear, it begjint 19.30 yn Wommels.

Wy rekkenje op jim!!!

It bestjoer.

SDS 1 – Mulier 1
De beide koaches diene fan te foaren noch in poging om it net troch gean te litten, mar skiedsrjochter Kraak seach in goed fjild en gjin oare reden om it ôf te lassen.
De hurde wyn hie in reden wêze kind mar foar Kraak net. SDS moast yn de earste helte tsjin de wyn yn en dat gie noch net iens sa min. Der wie sels sa no en dan in kânske. Mulier hie it foaral dreech mei de “foar de wynse” ballen. It wie lêstcih om in spiler yn in skuttersposysje te krijen. Sa moast doelman Jaap Toering in kear nei de hoeke en fierders wie it reedlik rêstich foar de doelen.
SDS erfaarde yn de twadde helte dat foar de wyn baljen lestich is. Ek sij koene mar min spilers yn de goeie posysje foar it doel krije. Pas de lêste 5 minuten like Mulier te ferliezen want it “waaide” doe efkes grutte kânsen foar SDS, mar fierders as trije korners efterelkoar levere it net op. 
Mulier, dat healwei de twadde helte mei 10 man kaam te stean hold stân. Foar it hantsjefol supporters wie it it in teloarstellende 0-0.

F1  kampioen
De toppers fan F1 binne hjoed nei winst op Friesland en Frisa sealkampioen wurden.

D2 kampioen
De toppers fan D2 binne hjoed ek kampioen wurden yn de seal.

D1 twadde
Opgewekt betrad D1 de Grouwster arena. Dit zou hun dag worden. Hoewel afhankelijk van Frisia en VVO, gloorde er een mooi resultaat. De wedstrijd tegen FVC D2 was slordig, maar wel 4 -2. Wessel maakte een fenomenale goal, Aiso en Nykele zorgden voor de rest. Hierna stond Oosterlittens klaar voor de strijd. De beste kansen waren voor VVO, maar we hielden stand. Sander keepte de sterren van de hemel. Dirk, Jopie en Lars vochten achterin als leeuwen en de voorhoede loerde op elke counter. Tot een minuut voor tijd het noodlot toesloeg. Uit het niets verschenen drie geelrode mannetjes voor Sander. Twee fantastische reddingen mochten niet baten, goal, over en uit. Jammer. Later verspeelde Frisia zes punten, waardoor Oosterlittens kampioen werd en SDS op een puntje achterstand tweede. Chapeau voor beide teams!! Littenseradiel heeft de komende fusiepartners laten zien wie de baas in de zaal is!
Woord van dank naar super publiek op de H en M-side en scheidstoppers Pieter S. en Lourens.
 
Tjerk


Snein mear!