Weppers sneon 8-1

Weppers freed 7-1
7 januari 2011
Winterprogramma SDS 2/3
8 januari 2011

Nijjierssit
Hjoed de nijierssit fan SDS. In hiel programma. Want it hjit dan wol nijjierssit, mar it is folle mear as dat.

Aksjes
Foar it sitten 
kin der rûn wurde en der kin/moat draafd wurde, it sitten begjint bij de snert en brea en set him troch bij it draaiend rêd, de taspraak en bij de ferrassing.

Ferrassing
Op it programma stiet, dat der ek noch in ferrassing is. Wij litte ús net mei sokke “kreten” fuortstjoere en binne op ûndersiik gien.

Pet op pet ôf

Elkenien skynt mei dwaan te kinnen oan in ronde pet op pet ôf. It is de bedoeling, hawwe wij begrepen, dat dit petje op petje ôf de opstap is nei in kwis. De winners meie meidwaan oan in fuotbalkwis. Uteinlik sil der  in finale wêze mei twa dielnimmers.

Foar wa
Elkenien dy’t wat mei SDS hat is fansels wolkom. Dus leden, freonen, sponsers en oanhang binne wolkom.

Folsleine programma en tiden
Jim kinne it programma en tiden
hjir sjen.

Damje
Wij kinne it ús net foarstelle mar miskien binne der minsken dy’t net fan rinne, drave, snert, draaiend rêd, muzyk, in taspraak en in kwis hâlde. En at dy minsken tafallich wol fan Frysk damjen hâlde dat is der hjoed yn Hartwert yn damtoernooi. In soarte mei generale foar it kampioenskip fan nije wike yn Easterein. It ferskil is wol dat der hjoed in soad wille makke wurde mei en nije wike it prestearen foarop stiet.