Weppers sneon 7-7

Weppers freed 6-7
5 juli 2012
SDS 65 jier!
7 juli 2012

Jierdei
Frank Bervoets wurdt hjoed 14 jier. Fan herte lokwinske.

Profiel
Wy kamen noch in alderaardichst profiel fan Jildert Hylkema tsjin op Tweenul.nl. Sjoch
hjir.

Itens
Hjoed it jierlikse keatshichtepunt yn Itens. De earste klassers slaan dêr harren ballen op, út, foar, boppe en kwea. It begjint om 11.00 oere.

Einstanden
Wa’t alle einstanden nochris in kear besjen wol fan it ôfrûne seizoen kin
hjir te lâne.

SDS 65 jier
Freed 10 augustus bestiet SDS 65 jier. Dit sil net ûnmurken foarby gean. Der sil û.o. in fuotbaltoernoai wêze foar de jeugd en de senioaren. Moarn kinne jim der hjir alles oer lêze en jim alfêst opjaan.
Noch oan ’t it jubileum!


Harsens derby(805)

Feite de Haan makke yn de neikompetysje in pear knappe goals út frije trapen. De earste goal tsjin Mulier hie hjir wol wat fan, mar dan hurder fansels: