Weppers sneon 6-8-2022

Weppers tiisdei 2-8-2022
2 augustus 2022
Weppers freed 12-8-2022
12 augustus 2022

Kompetysje-yndielingen

De KNVB sil 12 augustus de rest fan de kompetysje- en bekeryndielingen bekend meitsje. 19 augustus komme se mei it wedstriidprogramma.

Ut de beker

SDS 1 sit mei Marrum 1 en Wykels-Hallum 1 yn de beker. Wardy hat harren weromlutsen. SDS 1 sil no op syk nei in oefenwedstriid foar sneon 10 septimber.

Pilot JO13

De KNVB jout oan dat de kategory JO13 in pilot docht mei 4 nije spulrigels.

Yn dit filmke kinne je hokker rogels dat binne.

Freulekeatsers

Kommende woansdei de Freuleparij. Bij de partoeren fan Reahûs en Wommels sjogge wij in oantal SDS-ers stean. Sukses jonges!

Opjaan foar it mikstoernoai mei it SDS-jubileum

Al mear as 80 SDS’ers, frijwilligers en âld-SDS’ers hawwe harren opjûn foar it mikstoernoai en/of de barbekjoe mei it SDS-jubileum op sneon 3 septimber.
Wy hawwe der no al bliksemsnocht yn om Klaas Groenhof, Hjalmar Ruiter, Jacob van Wieren, Freek en Johannes Tichelman, Sytze Kooistra, Martin Rienstra, Arjan Posthumus, Dennis Dijkstra en Ruurd Visser dan wer te sjen.
As der in soad 50+’ers binne dy ’t meibalje wolle wurdt der in spesjale klasse makke. Daan Boersma fuotballet sawisa mei.
Jou dy ek gau op sadat wy der fêst rekken my hâlde kinne.
Je kinne je fansels ek allinnich opjaan foar de barbecue.
Jou dy hjir op.

Seizoenkaart

As je in seizoenkaart fan sc Heerenveen keapje of je ferlinge de seizoenkaart dan kinne je noch altiten SDS stypje. Sjoch hjir hoe ’t dat yn syn wurk giet.

Harsens derby (2382)

‘Tikkie werom, Jaap………..’