Weppers tiisdei 2-8-2022

Bekeryndieling SDS 1 en SDS 2
29 juli 2022
Weppers sneon 6-8-2022
7 augustus 2022

Nije lieders SDS 4

Gert-Jan Hessels en Allert Turksma hawwe in stapke werom dien as lieders fan SDS 4. Arjan Hallema sil dit fan harren oernimme mei help fan Leon de Wit, Wiltsje Aardema en Michael van der Weg. Op nei in prachtich seizoen!

PC

Moarn is de PC yn Frjentsjer. Ien SDS’er komt yn aksje; Bauke Dijkstra. Wy winskje him in protte súkses!

Earste training

Sawol SDS 1 as 2 sille tongersdeitejûn foar it earst wer traine.

Opjaan foar it mikstoernoai mei it SDS-jubileum

Al mear as 75 SDS’ers, frijwilligers en âld-SDS’ers hawwe harren opjûn foar it mikstoernoai en/of de barbekjoe mei it SDS-jubileum op sneon 3 septimber.
Wy hawwe der no al bliksemsnocht yn om Klaas Groenhof, Hjalmar Ruiter, Jacob van Wieren, Freek en Johannes Tichelman, Sytze Kooistra, Martin Rienstra, Arjan Posthumus, Dennis Dijkstra en Ruurd Visser dan wer te sjen.
As der in soad 50+’ers binne dy ’t meibalje wolle wurdt der in spesjale klasse makke. Daan Boersma fuotballet sawisa mei.
Jou dy ek gau op sadat wy der fêst rekken my hâlde kinne.
Je kinne je fansels ek allinnich opjaan foar de barbecue.
Jou dy hjir op.

Seizoenkaart

As je in seizoenkaart fan sc Heerenveen keapje of je ferlinge de seizoenkaart dan kinne je noch altiten SDS stypje. Sjoch hjir hoe ’t dat yn syn wurk giet.

Harsens derby (2381)

Somtiden is fuotbal krekt biljerten……

Daliks miskien wol mear!