Weppers sneon 5-6

Weppers freed 4-6
3 juni 2010
Weppers snein 6-6
6 juni 2010

5 tsjin 5
Hjoed sil in ploegje SDS’ers yn Koudum meidwaan oan it 5tsjin5-toernoai. Op
dizze webside kinne jim alles oer dit toernoai fine. De poule foar SDS sjocht der sa út:

1 Bakhuizen 1
2 VV Warga
3 ONS 1
4 VV Sneek
5 geen ploeg 2
6 Rottevalle 1
7 ONT 3
8 Oeverzwaluwen 1b
9 SDS 1

Heale finale
Wa’t hjoed noch in echte fuotbalwedstriid sjen wol, kin fannemiddei nei Snits. Om 17.00 oere spilet SneekWZ de heale finale foar de lannelike beker tsjin HSC 21.  Trije A’s fan SDS hawwe der hinne west. Appie, Arjan en Aant. En sij seagen Snits yn de lêste minút mei 2-1 winnen. Prachtige twadde helte.

Sûnder jas
Fansels gie Tom juster sûnder jas nei skoalle. “As no net ien in jas oan hat nei skoalle dan hawwe wy in probleem”. “Hoesa?; sei syn heit. “No
, dan kinne wy gjin goaltsjes meitsje……..”

Harsens derby (226)
De wat âldere SDS’ers kinne fêst Hugo Sanchez noch wol. Hy spile yn it ferline û.o. by Real Madrid en stie bekend om syn goals en om syn spesjale ynworpen. Trochdat der net folle stadions binne mei sintelbanen deromhinne sjogge wy syn manier fan ynsmiten eins net mear. Oan ’t juster:
 

Letter mear!