Weppers sneon 28-5

Weppers freed 27-5
27 mei 2016
Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer!
31 mei 2016

SDS 2 rêdt it net op
De Drinten út Boppesmilde fan BSVV 2 sille mei in tefreden gefoel weromsjen op harren tripke nei Easterein. Twa kânsen en twa doelpunten. Bij SDS 2 sil de teloarstelling oerhearskje. Safolle kânsen en pas yn de lêste minút in doelpunt…..Lourens van der Pol skoarde de 1-2. BSVV promovearret.

C2
De lêste reguliere kompetysje útslach komt op namme fan SDS C2. Sij wûnen mei 4-2 fan sc Terschelling C2G.

Slotdei

Moai waar en in ûntspannen sfear bij de slotdei foar de jeugd juster

Wêr is de tas
Rutger Sijbesma is gister na de slotdag zonder SDS voetbaltas (!) thuis gekomen!
Hij is vanmorgen naar de kantine geweest, maar zijn tas stond er niet meer. Nog wel een andere tas hing daar aan de kapstok. Vermoedelijk heeft iemand per ongeluk zijn tas meegenomen.
Groetjes Geertje Sijbesma

SDS 2
Fannemiddei spilet SDS 2 om 14.30 oere thús tsjin BSVV 2 út Bovensmilde foar in plakje yn de reserve-2e-Klasse. Dit is foar hiel SDS de lêste wedstryd fan it seizoen. It soe machtich wêze as dit seizoen mei slagreame op de taart ôfrond wurde kin. Kom dus allegear!

Slotjûn jeugd

Justerjûn wie wer de jierlijkse slotjûn fan de jeugd fan SDS. De jûn koe net stikken mei it moaie waar. Der komt fêst noch in útgebreider ferslach, mar wy kinne wol fêst melde dat it penaltysjitten by de F’kes wûn waard troch Pieter Bouma, by de E’s troch Sije van der Schaar en by de D’s troch Jelmer Brouwer. Yn de finale gie Pieter Bouma úteinlik mei de penaltybokaal nei hûs.



Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
Jim hawwe de poster fêst al hingjen sjoen by û.o. de Jumbo. Is hy net prachtich? Mei tank oan Van der Eems en TMB de Jong:


Efkes balje

It sportfjild fan Wommels leit flakbij it fersoargingstehús foar de âlderein. Dy âldtsjes binne op freedtejûn omstreeks 8 oere rêstich. Juster net. Der wie “in disko” foar de âldsjes yn de feesttinte en ús fuotbaljen waard begelied mei de klanken fan de “De dowen op de Dam” fan Gert en Hermien en it “Brânende sân” fan Anneke Grönloh. At it no fan dy muzyk kaam sil neijer ûndersocht wurde moatte, feit is wol dat it allegear wat rommelich wie. Uneven, blessure, even, ûneven, transfer fan Klaas en in jonge debutant dy’t dúdlik wenne moast oan de Efkes Balje rigels.
Toch wiene der wer bijsûndere aksjes en moaie mominten. Absolute “hichtepunt” wie de geweldige kopbal fan Johan Heerma. In bal dy’t al efter de doelline like te wêzen, kopte hij mei in spektakulaire aksje oer it doel hinne. In ovationiel handsjeklappen fan syn teamgenoaten bleau lykwols út. It wie net de eigen doelline mar de doelline fan de tsjinstanner. It doel fan Johan wie om de ienpunter fan Ferrie om te setten yn in twapunter. It waard in nulpunter. De tsjinstanners hiene der wol in applauske foar oer….
Ferliezers en winners waarden nei ôfrin noch efkes op de foto set troch Lourens van der Pol.

Harsens derby (1719)
Alderaardic