Weppers freed 27-5

Weppers tongersdei 26-5
25 mei 2016
Weppers sneon 28-5
28 mei 2016

Selekteare
Jûn om 19.30 wer selectietraining B junioren yn Wommels Graach allegear oanwesich!

Lieding B junioren
Hans, Pieter, Jappie, wichard en Douwe

SDS 2
Moarn spilet SDS 2 om 14.30 oere thús tsjin BSVV 2 út Bovensmilde foar in plakje yn de reserve-2e-Klasse. Dit is foar hiel SDS de lêste wedstryd fan it seizoen. It soe machtich wêze as dit seizoen mei slagreame op de taart ôfrond wurde kin. Kom dus sneon allegear!

Seleksje SDS 2
Lourens, Mark, Ewout, Hendrik, Marten, Feite, Jentsje, Pieter, Stefan, Jurken, Bote, Jort, Tjeerd, Ralph, Willem en Klaas de Haan ( flagger)
De seleksjespilers wurde om 13.30 ferwachte en om 14.30 giet it los.

Slotmiddei
Foar de F-kes Eetsjes en D’s hjoed wer in moaie sportive middei. Om 17.00 begjint it festijn op it griene gers fan it B-fjild en it hurde beton fan it MFT. Om  19.30 is it dien.

Efkes Balje
It wurdt jûn ynskikke op it skopfjild fan Wommels. De Efkes Ballers binne dêr lykas alle wiken en no is der ek noch in seleksjetraining fan de B’s fan SDS.

Aksje
Media preview
It is perfekt keunstgersoanlizzerswaar

Gertjan (SDS 4) en Hedwig route

Juster wie de neiste omjouwing fan Reahús opfleure mei kreaze oanwiisbuordsjes.  Se wiisden allegear nei “Gertjan en Hedwig”. Dat wie dan ek net samar. Sij trouden juster. Fan herte lokwinske… 

Blues op de Terp yn Wommels
Jûn kin der ek noch efkes mei beweecht wurde op de klanken fan de All Stars Blues Band