Evenementen in december 2022

Weppers freed 24-7
24 juli 2009
Weppers snein 26-7
25 juli 2009

JC skaal
Foaral net ferjitte dat jûn om 20.00 oere de striid is tusken de lânskampioen (AZ)  en de bekerwinner (sc Hearrenfean).

Andere tijden
Wa oars as Dirk Yde tipte ús oer it programma “Andere tijden”
Zondag 26 juli 2009 is de laatste uitzending van Andere Tijden Sport. Hierin kijkt het programma terug op mei 2002, toen in dezelfde week Pim Fortuyn werd vermoord en Feyenoord de UEFA Cup won. Nederland 1 om 22.05 uur.
Twee dagen voor de UEFA Cupfinale van 2002 tussen Feyenoord en Borussia Dortmund in de Rotterdamse Kuip, werd Pim Fortuyn vermoord. Rotterdam huilde, want de populaire politicus was de hoop van Rotterdam, zoals Pierre van Hooijdonk dat was voor Feyenoord.
Sport en politiek worden samengebracht in een reconstructie van 72 uur, waarin Rotterdam leefde tussen hoop en vrees.

Yn Ierlân?

Fakansje…efkes los fan alles. Gjin webside, gjin fuotbal, gjin fierljeppen, gjin skutsjesilen en seker gjin keatsen.  Hoewol it boppesteande boerd bij Wexford yn Ierlân wol nijsgjirrich makke.

Keatse diene se dêr net en swimme ek net.

Beachbalje
In skoft lyn krigen wij fan Dirk Yde Beachballer noch in ferslachje fan syn optreden op it strân.

Mei ferbazing naam ik kennis fan it feit dat jim op de SDS-side berjochten oer in geheime/betroubere bron dy’t melding makke fan myn dielname ofrune sneon oan it Beachsoccertournament op it stran fan Oudemirdum. Sa efterof kin ik mei trots melde dat dy ynformaasje op wierhyd berusten hat én dat we mei ús team Beach United it toernooi ek noch wûn ha! Mei 7 goals wie ik sels topskorer fan it toernooi. De poulewedstriden kamen we troch mei 3 winstpartijen en 1 ferliespartij. De heale finale gong dernei frij makkelik en de finale wûnen we mei 4-1 in team mei ûnder oare Inne Schotanus. No moat ik earlik bekenne dat wy ek wol in knap team hiene mei ONS 1-spilers Bieuwe Pruiksma en Chalong de Bruin. En wat te tinken fan Patrick Lip fan -jawol- Earstedivisionist BV Veendam! Fia in freon fan my, Jelle Gerbrandy fan Gauw, kaam ik derby.
 
Wat noch wol aardich is te fermelden is dat dit toernooi as foarronde telde foar it NK Beachsoccer yn Scheveningen. Sadwaande meie wy as team no dus ofreizgje nei dit NK yn it wykein fan 25-56 july!! Helaas sil ik dan net fan de partij weze sjoen it feit dat dit it wykein foar de wolbekende PC is (mocht ik der oan meidwaan).
Oant safier! 
Groetnis DIES 
P.S. Check de teamfoto!

VV Nijland wer los!
Yn Nijlân binne wat minder keatsers as yn Easterein, dus dêr koenen sy op sneon wol begjinne mei trainen. Hjoed gienen sy dan ek foar it earst wer los. De wepmaster fan Nijlân tipte ús al efkes oer de foto’s (klik hjir).

Harsens derby (58)
Ronaldo slagget der altiten wer yn om yn it nijs te kommen. Wy bedoele dan de “echte” Ronaldo: