Weppers snein 26-7

Weppers sneon 25-7
24 juli 2009
Weppers moandei 27-7
26 juli 2009

Trainingsfjild
It trainingsfjild yn Easterein is noch net klear foar it nije seizoen. Wij seagen in skriuwen fan de gemeente wêryn it folgende stiet.
Om jimme efkes op de hichte te hâlden fan de ferhier fan it gemeentelike sportterrein yn Wommels, diele wy jimme it folgjende mei.  
It sportterrein sil troch de fuotbalferiening SDS út Easterein brûkt wurde foar trainingen op de jûnen fan de folgjende dagen:
6, 11, 13, 18, 20, 25 en 27 augustus en 1, 3, 8 en 10 septimber 2009.

Jan en Lisanne
Jan Stenekes is noch lang net ta oan trouen. Dêrom lid hy moarn syn partnerskip mei Lisanne registrere by it Gemeentehûs yn Wommels. Folle makliker as trouen fansels. Dit betekend allinnich wol dat Sjoerd van Beem moarntemoarn om 9.00 oere dêr al wêze moat as tsjûge. Dat komt fansels op de kop ferkeard. Om der wis fan te wêzen dat der al in tsjûge is wolle wy alle SDS’ers oproppe om moarntemoarn om 9.00 by it gemeentehûs fan Wommels te stean!

WK
Moarntejûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Oefenje
Altiten aardich as dy profklups yn de tarieding op in nij seizoen wat oefenje tsjin amateurklups. Meastentiids sjogge je as taskôger in protte goals. By Navara – Villareal wie it hielendal raak: