Evenementen in november 2022

Weppers tongersdei 23-7
23 juli 2009
Weppers sneon 25-7
24 juli 2009

Trainen B-seleksje
Klaas Okkema lit fanôf syn fakansjeadres witte dat de B-seleksje (neffens tradysje) de tongersdeis nei de Freule foar it earst traine sil. Hoe let en wêr wurdt fia de webside noch wol bekend makke.

Kompetysje-yndielingen
Wy hienen jim hjoed graach de kompetysje-yndielingen fan de jeugd noch efkes witte litten, mar spitich genôch hat de KNVB se noch net klear.

6 SDS’ers op de PC
Kommende woansdei sille der 6 SDS’ers aktyf wêze op de PC. Erik, Dirk-Yde, Jacob-Klaas, Jelte-Pieter, Gerrit en Feiko meie woansdei allegear keatse op it Tsjûkelân. It wienen hast 7 SDS’ers wurden, mar Pytrik Hiemstra kaam krekt te koart om op de PC keatse te meien. Sjoch hjir foar de partoeren dy ’t allegear meidogge.


WK 23-07-09 
Nei in oere foar my ût staart te hawwen koen eindelijk my foar de geest helje wie der allehjer wiene juster op it WK. Mar leafst 18 minsken wiene paraat om de striid op it skopfjild oan te gean mei elkoar. Wat foel der dizze edysje fan it WK op? 
– Erik Under-kin
– Dirk Yde wie wol erg fysiek, it skynt dat de gedragsregels nogal ris oars wurre interpeteert.
– Hendrik de J. hie in hierbân om
– Jelmer wie ferskrikkelijk slecht
– Mark fielde sich in steek litten troch syn ferdediging bij de winnende goal
– Henk P. hat juster hapt bij Jildert
– Hendrik E.: ûs ferdediging mut angst ûtstralen
– Sytse Kooistra hat alle kopduels wûn
– Gjin panna’s bij Panne Steen
– “Kom ris ût dat goal Servet, of leit der soms in kebabrol yn?”
– Eeltje troch iederien derût draaft, behalve troch die naaktslak links yn de hoek fan it fjild
– De huidige fjild/goal capaciteit is bijna wol berikt mei 9 tsjin 9 

Team Wyt:
Eeltje
Jildert
Hjalmar
Jelmer
Sytse H.
Sytse K.
Panne
Erik H.
Hendrik E.

Team Donker:
Willem
Hendrik de J.
Dirk Yde
Henk
Mark
Remco
Servet
Jaap
Ralph
 
It wie wat ôftasten yn it begjin fan it spul mar de wedstriid bruts al snel los. It wie foarnamelijk toch in kwestie fan it fjild breed hâlde mei safolle man op ut fjild.
In beheerst skot fan Dirk Yde soarge foar de 1-0 en troch in eigen goal fan undergetekende stie it al snel 2-0 foar Team Donker. Team Wyt kriig grip op de wedstriid en makke al snel de oanslûtende goal. Mei in stân fan 2-1 wie de beer ffkes los mar dit resulteerde yn in pear skerpe counters fan Team Swart. Mei in stân fan 4-2 foar Team Wyt waar de winnende goal oankondigd werby de specialisten wer positie kosen. It wurt in biitsje eentonig mar der binne gewoan bepaalde minsken die oerwicht hawwe mei de winnende goal, lit it fysyk, mentaal of politiek wêse. Want wederom wie it team Wyt mei de “winnende goal specialisten” die oan it langste ein lutsen.
In snelle counter waar yn earste instantie blokt troch de de ferdediging wer op dat momint allenig Mark oanwesich wie. Nei in lytse skirmish kaam de bal foar de foutten fan de man die de hiele party nog gjin piepernût hie rekke. Jelmer skopte de bal deryn en it waar wer folgens it traditionele ritueel fiert.
 
It WK bestjoer wol iederien bedanke foar harren opkomst, mei 18 man op simmerse tongersdeitejûn liket it WK steeds mear in begrip te wurren in de foutbalgemienskip. Folgende wike moandei wurd der wer in WK foutbalt, sa as it no liket sille der nog 3 WK’s plakfine(incl. Grande Finale).
Namens it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. Hendrik Engbrenghof

4-Daagse
Lid fan de SDS-Bunnikside Popko Wijnia, rint dizze wike de 4-Daagse fan Nijmegen. Hjoed rint hy de lêste dei. Wa’t him yn de lêste kilometers noch efkes in hert ûnder de rym stekke wol kin him skilje op 06-54351178.

Harsens derby (56)
Shinzo Koroki fan Kashima Antlers(dy mei it labeltsje op ‘e kont) hie foar de wedstryd net hielendal syn harsens derby.