Weppers sneon 25-6

Oefenprogramma SDS 2
23 juni 2011
Weppers snein 26-6
25 juni 2011

Jierdei
Hjoed is it al wer 2 jier lyn dat de fans fan Michael Jackson opskrikt waarden troch syn dea. Mar hjoed is it ek 22 jier lyn dat Bram Strubbe (SDS 6) berne is. Bram fan herte lokwinske.

Knibbel
Wij fine it moai dat spilers fan SDS ús op de hichte hâlde oer it wolwêzen. Sa foarkomme je allegear wylde ferhalen. Grietzen docht ús berjocht oer syn knibbel en wij winskje him in hiel soad sterkte:

De útkomst foel tsjin, want it die bliken net de meniscus te wêzen mar de foarste krúsban. Dizze wie foar de helte stikken en dielen dêrfan wienen ek al ‘fuort’. De losse flarden hawwe ze dernei fuorthelle. It die dus bliken nei 9 wiken net mei te fallen wat se oanfankelijk wol tochten en dat wie balen.
Dizze tiisdei bin ik wer yn it sikenhûs west bij de orthopaed dy my opereard hat en hij hat doewat meer útlis joen oer de operaasje en sprutsen oer it ferfolch.
It wurdt earst in lang trajekt mei krachttraining om de spieren rûn de knibbel sterker te meitsjen. It diel dat ik noch ha fan de krúsban sil it gemis fan it oare opfange moatte.
Dat betekent dat ik de foarbereiding op it nije seizoen bij SDS wer net mei meitsje sil, krekt as foarich jier.
 
Grietzen

Alle 13 goed ?
Wa doart op al dizze 13 fragen ja te sizzen? Of 12 miskien?

1. Dost giet foar 1 septimber nei Feyenoord.
2. De earste trainer yn de earedyvysje fljocht der foar 1 oktober út.
3. Fer bliuwt dit seizoen bij Feyenoord
4. Jol hellet Mido nei Fulham
5. Berbatov ferlit Manchester United
6. Sibon komt wer nei sc Hearrenfean
7. Leonardo giet fan NAC nei it bûtenlân
8. Cambuur pakt de earste perioade
9. SDS 1 wint de earste twa wedstriden fan it nije seizoen
10. Stekenburg bliuwt dit seizoen bij Ajax
11. Piet Velthuizen komt foar 1 septimber werom yn Nederlân
12. Twente hellet de Championsleague net.
13. Sjoerd van Beem stiet de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen bij SDS 1 ûnder de latte.

Oefenje (1)
It betelle fuotbal is wer los. Kommende wike spilet sc Hearrenfean de earste oefenwedstriid. Woansdei tsjin in Gaasterlân kombinaasje yn Sleat.

Oefenje (2)
Cambuur oefent altyd earst tsjin De Trije Doarpen. Kommende freed sil dat wêze.

Net goed
Wij kinne wol konkludeare dat it mei it Skotse fuotbal yn it earstoan ek net goed komt. Sjoch
hjir

Filmkes
De webmaster fan de fuotbalfilmkes hat dizze dagen oare drokte om é kop as filmkes pleatse. Welke drokte?
Dizze dus!  

En dêr is hielendal neat mis mei!