Weppers sneon 24-5

Weppers freed 23-5
22 mei 2008
In moaie dei mei SDS 2
25 mei 2008

Programma sneon
Der is hjoed in tige lyts programma. Der is mar ien wedstryd: SDS 2 sil yn in alles beslissende wedstryd tsjin Omlandia 2 besykje te promofearen. It kin dus hjoed best wol in moaie feestlike dei wurde en yn alle gefallen foar de measten in
hij night en miskien sjonge se oan de ein fan de jûn wol in tapaslik liet.

Omlandia 2 – SDS 2    0-1
De supporters fan SDS 2 krigen waar foar harren jild.  In pot dy’t yn de twadde helte net om oan te sjen wie, in pot fol mei spanning en in 0-1 oerwinning.  Arie
skooarde. Moarn folle mear.

Lokwinske
Wij wolle mei namme Hylke Schrale fan herte lokwinskje mei dit geweldige resultaat.

Doelpunten
Ferline wike sneon hat SDS 4 fuotballe tsjin Tsjom. SDS 4 skoarde
5
kear en de doelpuntenmakkers hawwe harren no bekind makke: Bas de Haan (2), Willem Veenstra, Gerlof Veldstra en Rinse Joustra.

Ymprofiseare
hspace=0
De gemeente hat Wommels syn fuotbalfjild ferpatst oan in projektûntwikkelder, dy’t krekt op dat plak appartementen bouwe moast. In moai fuotbalfjild waard oer de kop helle, doelen waarden sloopt en der bleau in skopfjildsje oer, wat troch de KF Wommels hierd wurdt.
Der kin wat skopt wurde , mar sûnder doelen: it is te tryst foar wurden. In pellet en trije tegels tsjinje no as doel.

Útferkocht
Wa ’t Leek te fier riden fynt kin fannemiddei wol nei Toppenhúzen. Hjir wurdt de beslissingswedstryd spile tusken WPB 2 en ONS 3. De wedstryd begjint om 14.30. It kin wêze dat de wedstryd útferkocht is……….

Al wer trije
Ek Futsal 1 (Willem Wijnia) , B1 (klaas Pompstra) en E4 (Jesse de Jong) hawwe harren jierferslach makke. No noch 15 oare teams.