In moaie dei mei SDS 2

Weppers sneon 24-5
23 mei 2008
Weppers snein 25-5
25 mei 2008

SDS 2 promofeart
De ferrassing fan it jier binnen SDS is dochs wol de promoasje fan SDS 2. Tsjin de winterstop ûnderoan en no “samar”in klasse omheech. Yn Leek waard de lêste hobbel oan de kant setten. Omlandia 2 út ten Boer waard mei 0-1 ferslein. In ferslach.

It begjin


Wêr kinne je de ploech net better efkes tasprekke as ûnder beam bij de sporthal. Stimulearende en motivearende wurden moatte it west ha.

De reis


En wylst de ploech tasputsen waard soarge Gerrit der foar dat er ek wat te drinken wie yn de bus.

It foarsitten

hspace=0
En wylst de ploech wat yndraafde koene de meireizge supporters op it prachtige terras efkes foarprate. Hjir de blesseardenbank mei Willem Overal.

Waarm


It wie sok moai waar dat sels Willem Twijnstra syn boksen fan de broek ôfhelle.

Sterke ferhalen


Dit wie de sterke ferhalen tafel. Dat kaam trcoh Geert: hij bewearde dat er de Slachte op 14 juny twa kear rinne sil at er in betide kaart hat. (soks moat te regeljen wêze)

Ferstandige tafel


Dit wie de meast ferstannige tafel. Dat kaam omdat dêr meast froulju sieten. Pier Faber en de frou sieten efkes út te pûsten: sij wiene op de fyts fanôf de kamping út Bakkefean

It fjoerwurk


Willem en Bas soargen foar it nedige fjoerwurk

De wedstryd
SDS 2 die yn de earste helte seker net ûnder foar de Grinzers. De kânskes dy wiene foar SDS, mar de doelman rêde in oantal kearen prima.
Yn de twadde helte kaam SDS gelyk op 0-1 troch Arjen Posthumus en doe feroare it byld. Omlandia sette druk en SDS moast alle helpmiddelen oangripe om te oerlibjen. Dat Omlandia 4 kear peal of latte rekke sei wat dat oangiet genôch.

It wie goed 16.30 oere dat SDS 2 yn dolle freugde elkoar yn de earmen fleagen.

Nei wat fersnaperingen yn de klaaikeamer en yn de kantine koe de bus wer ôfreizgje nei Easterein.

Letter hjoed mear.