Weppers freed 23-5

Weppers tongersdei 22-5
22 mei 2008
Weppers sneon 24-5
23 mei 2008

12 oere
De bus nei Leek fertrekt moarn om 12.00 oere fanôf de Skoalleseize. Kom op tiid!
De kosten bedrage foar SDS 2 €5,- en foar de rest €8,-.
Der binne noch mar 8 plakken. Opjaan fia de mail bij Douwe Reitsma. Dit is syn adres. Doch it no! Yn de bus is goedkeaper as sels autoride en je kinne ek noch ien keapje!

Seleksje SDS 2
Marten, Jan S, Sybren, Stefan, Remco, Wouter, Arjan, Floris, Jildert, Donny, Redmer, Hjlalmar, Eeltsje en Wichard.

Skorst
De seleksje fan SDS 2 foar de wedstryd fan moarn tsjin Omlandia 2 wurdt jûn bekend makke. It is al wis dat Dennis net meidocht. Hy is skorst.

Blesseard
SDS 2 mist moarn in bult spilers mei blessures. Jeroen(knibbel), Feite(ankel), Mark(ankel) Jelmer(ankel), Robert H.(knibbel), Syb(knibbel), Pieter(ankel), Bote(knibbel), Sjoerd R.(ankel), Jos(WPB-firus) en Willem(dy ferrekte spieren).

Útsjurts
SDS 2 spilet moarn op neutraal terrein tsjin Omlandia 2. SDS is oanmerkt as útspyljende ploech. Om ’t Omlandia de kleuren wyt en blau drage spilet SDS 2 dêrom yn de útsjurts.

Wêr is Jos?
hspace=0
Ha goeie SDS,
Het is al even geleden dat ik op de velden heb gestaan.
Mede door het werk heb ik besloten te stoppen met voetballen bij SDS.
Ik zal bij WPB waarschijnlijk nog af en toe een baltsje trappen.
De jaren bij SDS, vanaf de jeugd, waren prachtig.
Ik  heb me altijd goed vermaakt. Vooral de seizoenen in de B’s en A’s.
Waarschijnlijk zal ik nog wel een keer aanwaaien voor een bakje.
SDS bedankt.
Oja… Pa ook nog bedankt, voor het betalen van de kaarten. Welke ik zo af en toe kreeg!!!!!
Jos Zonderland

Net op trainen
Ralph Wariman wie juster net op trainen by SDS 2. It sil dochs net sa wêze dat hy net nei it trainingsfjild doarde om ’t dat der allegear rûne wite monsters op it fjild leinen?? 

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje. De earste dielnimmers hawwe harren al opjûn. Jim kinne de SDS EK-League moarn yn de bus moai efkes ynfulle. Nim al efkes in pen mei. Oanmeldformulieren binne yn de bus.

Sa komt it net goed
Wij ferwachtsje totaal 24 ferslagjes fan it ôfrûne jier foar de lêste Treffer. Fan alle teams ien. Snein moat it binnen wêze. Der binne noch mar 5 binnen. SDS 5, Da, Froulju, D2, en F1.  Dit wurdt in hiele tinne Treffer.

Klearmakke
It haadfjild fan SDS wurdt alwer ree makke foar folgend seizoen. De goals binne derôf helle en it fjild is trochsiedde.

WK
Yn Wommels wurdt fannejûn alwer fuotballe. Om 19.15 kin eltsenien komme dy ’t nocht hat. Wierskynlik op it “fuotbalfjild” en oars op de Terp.

Gelyk?
Snein 8 juny is der in feteranentoernooi yn Espel. Se hawwe dêr in bysûndere rigel:
ESPEL – In Espel wordt op zondag 8 juni het tiendorpentoernooi voor veteranen gehouden. SC Emmeloord was vorig jaar invaller en mag daarom ook dit jaar meedoen. Daardoor zijn er elf teams. Deelname staat open voor 40-plussers. ‘En bij een gelijke stand beslist de gemiddelde leeftijd’, aldus de organisatoren. Het toernooi begint ’s morgens om tien uur.

Spesjaal foar Hylke!
Spesjaal foar de trainer fan SDS 2, Hylke “Batigol” Schrale, dit filmke.
Sukses moarn!!



Asen miskien noch wol mear!