Weppers sneon 23-7

Weppers freed 22-7
21 juli 2011
SDS-bekerprogramma
24 juli 2011

Bekerprogramma SDS 1
It bekerprogramma foar SDS 1 is ek bekend:

20-08-2011 14:30 SDS 1 – Birdaard FC 1
23-08-2011 18:45 Wykels Hallum 1 – SDS 1
27-08-2011 14:30 SDS 1 – Bolswardia 1

It asfalt is oanbrocht!
It giet as it spoar by it nije Multyfunksjoneel terrein.
Moandei 18 july is de oannimmer begûn mei de oanlis fan it asfalt.
Sawol it grutte terrein as de tagongswei nei de famylje Hoekstra.
Dit is tiisdei trochsetten en woansdei lei der in prachtige grutte plaat asfalt.
De lytse jongerein wit it terrein al te finen en ha it efkes út probearre op harren fytskes.
No ha guon fan dizze ‘mannen’ ek as frijwilliger holpen by it fuortheljen fan struken, dat se mochten wol efkes ride.
Sa it no liket kin it nije terrein takom wike woansdei yn gebrûk naam wurde.
We ha dan de grutte Jong-Feintepartij yn Easterein en dan kin daliks ien fan de funksjes brûkt wurde, it parkearen.
De oannimmer is no drok dwaande mei de ôfwurking fan en om it terrein.
Yn en nei de boufak sil der wer in kloft frijwilligers oan de slach om it lytse parkearterrein foar de yngong fan de Skoalleseize oan te pakken.
It gehiel wurdt op nij ynrjochte en bestraten wêrby de beamen stean bliuwe.
We hâlde jimme op de hichte.
Wurkgroep MFT

Foto’s
Fan Klaas Pompstra krigen wij ek noch in link mei dêrop foto’s fan it hiele MFT barren. Sjoch
hjir.

South-Park SDS’ers(19)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Mei help fan detailleerde oanwizings fan Eeltsje Postma kaam Sytze Hibma tot dizze eachferblinende Marije de Vries:

Oefenje
sc Hearrenfean (sûnder Roorda) oefent jûn om 19.00 oere tsjin Mallorca (mei Zuiverloon) yn Burgum.

Fakânsje wike
De earste fakânsje wike betsjut yn Littenseradiel meast noch net op fakânsje gean. Want de spulwike is der! En dêr wol de jeugd is oan meidwaan.
En dat komt moai út want woansdei is de Jongfeintepartij yn Easterein. En dêr steane twa partoeren fan Easterein op de list en mar leafst 5 partoeren út Wommels. Jûn is de lotting. Wij binne benijd at Anne Brouwer fan alle partoeren de koach is.

Harsens derby (526)
“Lóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóósssss!”



Letter miskien wol mear!