Weppers freed 22-7

Weppers tongersdei 21-7
21 juli 2011
Weppers sneon 23-7
22 juli 2011

South-Park SDS’ers(18)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Henk Postma is te fiskjen yn syn fakansje as wy Bauke Dijkstra leauwe mei: 


Fuotbalje
Wommels begjint hieltyd mear op in fuotbaldoarp te lykjen. It Wk is hast krekt sa bekend as de Freule en it skopfjild is in prachtige lokaasje om mei de grutte bal oan de gong te gean.

C1

De mannen fan C1 wiene juster al drok oan it trainen ûnder lieding fan Remco Bervoets. It wiene allegear kleurige sjurtsjes fan Barcelona, Madrid, Ajax en oare echte topklups.

WK

En oer alle grutte eveneminten wurdt tsjintwurdich omraak twittere. En koene wij thús al sjen wa’t bij it fuotbalje stie te sjen.

Sjok
Op ynternet seagen wij in artikel dat Twente slachtoffers sjokskea klaime troch it ynstoarten fan it dak. Soe dat foar Feyenoord supporters ek fan tapassing wêze no’t Koeman trener wurdt?

Kwis
Foar de minsken dy ’t no fakansje hawwe en harren no al ferfele hawwe wy in alderaardichste VI-kwis. Klik hjir om him te dwaan. Hy is dreech genôch.

Wk ferslach fan 21 juli 2011.  

It WK 2011 kin in protte spilers. Der is wol sprake fan in kern, mar der binne eltse kear ek wer ferrassings. Dit kear wie it Mark Postma die mei die. Foar de rest wiene alle spilers bekint mei it WK. Foar earst kinne we ek opmerke dat it WK oan felhied ferlern het. De echte drive liket wolris te untbrekken. Bakkerij Posthuma bakt eltse dei noch cake. Op it WK fjild is der gjin cakie te finen. Of soe dat lizze kinne oan it feit dat elts sien technyk sa ferbeterre is dat de cake al flein is foardat hja happe wolle?

Wat foel op dit WK:

– Bote seit nei in pear trukjes mei sien fuotten yn de knoop.

– Sytse H kin foar beide goals goed ut de fuotten.

– Rudi moat wer op kreften komme foar moaie acties.

– Hendrik wie yn in moai read pakje.

– Ralph wie fanatiek.

– Henk moat nei it WK in jier rest nimme fan in omke.

– Martin hie in yn de bak op in protte trukjes oefene.

– Jacob Kah in pear no lookjes hjoen het.

– Mark P as in stil libben wie.

– Gearard takom wike by Martin oefenjen giet.

– Igor alle ballen sa ut de loft op goal jaait.

– Bram as skaad fan it stil libben wie.

– Johan langsam mar seker klear stoom foar it 1e

Team wyt:

Henk P, Mark P, Johan P, Martin, Rudi en Gearard

Team gekleurd:

Hendrik, Sytse, Ralph, Igor, in bytsje Bote en Bram

It WK.  

Team gekleurd wie gewoan goed. Eins folle better as team wyt. De Postma’s hongen wat foar de goal of waarden skerp dekt. Efter yn stun it by team gekleurd wolris wat te kreakjen, mar in protte goals binne der net fallen. Bote foel al. Nei in trukje fan Martin rekke Bote sa yn de tiis dat dit WK foar him foarby wie. In kniesde enkel wie it gefolch. Lokkich kwam Jacob Kah krekt werom fan PC trainen en wie hy rea om efkes laf yn de goal te hingjen. Geande wei de wedstriid kwam der wat mear aksje yn it fjild. Hjir en der in licht cakie. It tempo dizze wedstriid lei net hiel heech en dat kwam mei troch it fjild. Yn oanrin nei de Freule hewwe underhaldsmannen in bulte stienen oer it fjild strooit. Toen ek Jacob der mei ophalde moast fanwege de PC wie de winnende goal in utkomst foar twa utklaaide teams. Nei wat pief paf poef hjoech Hendrik magistraal foar oan in fry rinnende Bram die de bal mei in simpele schuifer binnen tikke. Koart WK, koart ferslach. 9.10 wie elts alwer op wei nei hus.  

Takom moandei wer in WK!

BvB

Harsens derby (525)
By dizze mannen draait it by it fuotbaljen, mar om ien ding.