Weppers sneon 21-6

Stân SDS EK-League 18-6
18 juni 2008
Stân SDS EK-League 20-6
21 juni 2008

Favoryt
It is fansels logysk dat Nederlanders Oranje as favoryt hawwe tidens dit EK. Mar at Oranje net spilet dan hawwe wij allegear tidelik in oare favoryt. Sa witte wij út betroubere boarne dat Ruslân de favoryt fan Appie Posthumus is, dat Sweden de favoryt wie fan Rudy Hobbenschot en dat Dútslân net de favoryt fan Chris Postma is.
Foar Gerlof Jan Hofstra is Turkije de grutte favoryt. Hij wie 4 moanne yn Istanboel en hat syn hert dêr ferlern. Hij is hjoed yn hegere sfearen en dat komt net allinne fan de feesten yn Wommels.

Sletterees


Freedtejûn wie yn Wommels de slettenrace. Jonges en famkes mei karakter drave dan troch sletten, lannen en oer diken.
Krekt as bij it fuotbal troch de wike giet it ek om de Postma’s tsjin de Haitsma’s. Beide famyljes hiene harren sterkste troef ynsetten (Erik en Mark mochten thúsbliuwe). Op de foto Henk en Jacob Klaas dy’t beide gebrûk makken fan hazze Rudy Dijkstra dy’t wegere op kop te gean.
Wij tinke dat de hazze krekt as bij de Slachte wûn hat.

Stoffel


Ek al binne je fier fan hûs, bij sommige dingen tinke je dochs wol oan bepaalde SDS-ers.  Doe’t wij yn Sweden yn dizze tige krease strjitte fytsen tochten wij hiel efkes oan de ienige echte mollenfanger fan de greiden: Stoffel. Dat se yn Malmo al in stjitte nei him neame!!!!

Dat is in ….boppeslach


Der ûntkomt Henk Bootsma neat. Hij seach Willem oan it keatsen. Mei Lieuwe van der Brug yn it perk en Janneke Okkema as opslachster. En je kinne gewoan sjen dat Willem wolris mei Chris Wassenaar op muzykpaad is, want dizze bal feecht hij boppe…… Sij wûnen de earste yn de ôffal.