Weppers sneon 19-2

Weppers freedtejûn
18 februari 2011
Weppers snein 20-2
20 februari 2011

SDS 1 ûnderút
SDS 1 hat mei 3-1 ferlern fan SC Veenwouden. Jacob von Wieren makke foar SDS de ienige goal. Neffens tsjûgen wie it in terjochte útslach.

SDS wint oefenwedstryd
SDS 2 hat op it kuenstgers fan Zeerobben mei 4-3 wûn fan Zeerobben 2. Jeroen Brouwer joech yn ien lange sin oan wat him ôfspile hie yn Harns: Twa doelpunten fan Robert Hoekstra, ien fan Arjen Los, ien fan Sytse Kooistra, in straksop tsjin feroarsaakt troch Syb Overal, in bûtenspuldoelpunt fan Zeerobben omdat Jeroer net flagge en kâld. 3-4 wie de einstân

SDS 3 ferliest
SDS 3 hat mei 5-2 ferlern fan Foarút 2. Op in kâld Skatzenburch makke Pieter K.(út in pingel) en in Menaemer de SDS-goals.

SDS 5 ferliest
Hylpen 2 wie de tsjinstanner yn de oefenwedstriid fan SDS 5. De Hylpers kamen op 0-2 mar troch in doelpunt fan Christiaan Hoekstra nei in moaie oanfal waard it noch 1-2 foar it skoft.
Hylpen wie ek de twadde helte mear oan de bal, hie mear kânsen mar koe goed net goed trochdrukke. It waard wol 1-3 mar troch in moaie kopbal fan Sipke Hiemstra kaam der 2-3 op it boerd. Dit wie ek de einstân.

SDS-sealtoernoai
Jûn is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren en A-junioaren. Degene dy ’t him opjûn hat wurdt foar 19.00 yn de sporthal ferwachte. De earste wedstryd giet om 19.00 los.
Wa ’t noch graach meidwaan wol moat him efkes by Willem Wijnia melde.

Harsens derby(406)
Hoesa hands?