Weppers sneon 19-1

Weppers freed 18-1
17 januari 2008
Weppers snein 20-1
19 januari 2008

Oflast (1)
Wij hawwe troch krigen dat it fuotbal fan SDS 4 en SDS 5 yn Easterein net troch giet.

Oflast (2)
De froulju moasten hjoed nei Harns. Ek dêr is it te wiet.

Oflast (3)
SDS 3 soe hjoed oefenje yn Wâldsein. Spitich genôch is dit ek ôflast.

Oflast (4)
It trainen fan A1 giet net troch, krije wij troch fan Marco en Klaas.

Wol troch
De froulju en famkes hawwe jûn harren sealtoernooi wol. Der binne sa’n 4 ploechjes.

Ek troch
SDS 2 oefent jûn om 18.30 yn Harns op kuenstgers tsjin MKV 2. Sy fertrekke om 17.15. 

Giet ek troch
SDS 1 giet fannemiddei ek gewoan troch. Sy fuotbalje op kuenstgers yn Ljouwert tsjin Blauw-Wit ’34 om 14.30.

Poeisz-aksje
Nei  v.v. S.D.S. is Keatsferiening Easterein dit kear selektearre om mei te dwaan oan de Poiesz Jeugdsponsoractie. Dit is yn de perioade fan 28 jannewaris oant 22 maart 2008.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Australian Open
Mocht Dirk-Yde Sjaarda werom komme út Australië dan kin de tennisferiening fêst in nij lid byskriuwe(klik hjir).

Dirk-Yde mei Robin (Haase). Ja, ek wy meie al Robin sizze.

Obesitas
No ’t der dit wykein net folle fuotballe wurdt, wolle wy eltsenien oproppe net tefolle te fretten en te sûpen………