Weppers sneon 16-8

Kompetysje-yndielingen E’s en F’s
14 augustus 2014
Weppers snein 17-8
17 augustus 2014

ONT 2 – SDS 2
SDS 2 spilet hjoed om 12.15 yn de Pein tsjin ONT 2.
fuort: 10.45
spylje: 12.15
Bote, Sytse, Gerrit, Jentsje, Feite, Hendrik E, Geert, Pieter K, Ralph, Ids, Remon, PieterW, Allart

ONT 1- SDS 1
SDS 1 spilet hjoed om 14.30 yn de Pein tsjin ONT 1. Ek dit is in tredde klasser. Yn de seleksje aardich wat jeugd sa’t jim sjen kinne.

fuort 12.45
spylje 14.30

Dirk, Feiko, Erik, Tjipke, Wytze, Christiaan, Hendrik, Wiebe, Jurjen, Jaap, Lourens, Martijn, Pieter, Almar
Grinsrjochter: Rene

A1
Sij traine hjoed foar it earst. Om 10.30 oere.

Efkes Balje
It wie wer drok whatapp ferkear op freed. net komme, wol komme, kin it wol trochgean?
Yn de tiid sûnder dat leuterprogramma spile wol/net trochgean gjin rol. Je sjogge wol hoefolle der binne en 3 tsjin 3 is ek noch in opsje. De whatapp prognose wie 6 man, mar der wiene 9! En dy lêste trije man dy dogge it dan krekt. Want je witte wa’t komme dus je stelle je al yn op de stroffelpartijen en praatsjes fan de iene, de skotten heech oer en de kapbewegingen fan de oare. It wie dan ek net tafallich dat de 2 fan de trije “ferrassingen) de winnende doelpunten makke. Earst wie it Syb Overal dy’t it fjild yn Wommels wer in kear fine koe en dêrnei wie it Douwe Jan dy’t it alderbeslissenste doelpunt makke.
En dat nei in moaie pot fuotbal, wêrbij de grutte foarsprong fan ploechje 5 man mei “de measte routine man” alhiel ferlern gie doe’t ploechje 4 man nei in heal oere it ploechje waard 5 man mei “de hiel soad routine man” waard.

Wedstriden
Foar nije wike sneon steane der al wer hiel wat wedstriden op it programma. Jim kinne it meast aktuele programma altyd fine ûnder de ûndersteande knop dy’t op de foarside fan ús wepside stiet.

At jim hjir op klikke komt is it programma te sjen. Boppe oan de side steane 4 piktogrammen. De earst (it húske) jout de thúswedstriden oan, de twadde (it húske mei de pylk) binne de útwedstriden en efter de tredde (it skoareboerd) steane de útslaggen.
It programma en de útslaggen wurde der net opsetten troch de wepmasters mar troch de wedstriidsikretariaten fan SDS en/of oare ferienings.

Kondysje
Meardere SDS-ers fuotbalje hjoed noch net mar hâlde harren kondysje wol op peil. Sa sille se jûn fêst mei dwaan at Volbeat  op Lowlands oan it rocken is en it publyk útnoege wurdt om rûntsjes te draven sa as hjir yn Dútslân
 .