Weppers – snein 9-3

Utslaggen 8 maart
7 maart 2008
Weppers moandei 10-3
9 maart 2008

Reinich waar tip
Troch de stakingen hâldt it snein net oer fan fuotbal. Dochs wa’t Alfonso Alves graach yn aksje sjen wol, moat fanôf 15.00 ôfstimme op BBC 1. Hij spilet mei syn klup tsjin Cardiff City  (mei Hasselbaink) foar de FA kup. Sa komme wij ek noch in bytsje yn Ingelske sfearen.

Nr 101
Goeie dei,
Juster is der ien sa frij west om myn tas mei te nimmen. Hielendal gjin probleem, as de ynhâld dan mar wol wer skjin werom komt. It giet om de tas mei nr. 101 der op. Ik bin sels sûnder tas nei hûs ta setten, omdat ik gjin kar meitstje koe út it grutte oantal tassen wat der noch stoen.
Wa hat tas nr. 101 thús.
Gr. Jan Stenekes
 
P.s. Desnoads wol ik ek wol mei diegene te bowlen (tip fan Gerard, wurket altyd sei der).

Nr 38
Jan de Jong wie fannemoarn efkes op it sportpark. Hij jout troch dat tas nûmer 38 der noch stiet. Neffens Jan sit er noch in broadsje yn. Dus wa’t in hongerich gefoel hat en in tas mist, kin telâne bij Jan de Jong op de Streek 12.

Wol belangstelling
De striid tusken de twa subtoppers yn de twadde klasse mocht sich ferheuge yn in protte belangstelling fan de parse. De skriuwende parse wie oanwêzich en dat resultaat kinne wij moandei sjen en omrop Fryslân wie der ek bij. Dizze kear mar net mei Hijlko Broersma.

Wêr wie Hijlko?
Ik siet by it EJK-muurkaatsen, wêr t Feiko mei Grietzen ûnder de 19 de Fryske eare en de SDS-eare heech ferdedigje  moast. Trouwens ek Annelien die mei.Yn de takomst faeks ek keatsers út Easterein, want yn de sporthal komme trije keatsmuorren. fr gr Hijlko

Wedstrydbylden

Henk Bootsma hat sneon wer in protte foto’s makke. It resultaat kinne jim hjoed of letter hjir sjen.

Ferslaggen
Fan alle wedstriden fan dit wykein kinne jim de útslach hjir lêze. Ek steane der wedstryd ferslaggen bij. Bijgelyks fan SDS 1 en SDS B1

Hij pakt mij….
Yn de wedstriid SDS 2 – Genenmuiden fluite de skeids foar in oertreding fan Jeroen Brouwer. Jeroen seach en fielde it lykwols allegear oars: “Skeids, hij pakt mei bij de pimmel”,  sa rôp hij.

Yn de war
SDS 5 stie te traapjen fan ûngeduld om te begjinnen. Harm Auke stie al hast yn it fjild.  Mar skiedsrjochter André Vink fluite de wedstryd fan de froulju mar net ôf. Coen Rameau rôp doe: “Harm dêr wei komme, aansens sjogge se it ferskil net.”

Sponser
Enno Bruinsma wie in opfallende wedstryd sponser. Dat hij ek noch mei de ferlottings droege woarsten nei hûs gie, wie minsten sa opfallend.

Fervje
Fervje is blessuregefoelich, dy konkluuzje kinne wij wol lûke. Eddy de Boer, de man fan brutsen wyt en SDS 5, stie ek sneontemoarn wer op in treppen om in flinke haal te dwaan. Dat bruts him raar op. In swypslach wie syn straf foar dizze minne tarissing op de wedstryd. De kommende wiken kin hij net traine (hiel slim), net aaisykje (makket neat út) en wol wokke op 22 maart.

Blessure
Stoffel “klaait”de lêste tiid wat oer syn skouder. Hij hat er al hiel lang lêst fan mar it begjint him no te ferfelen. Wat it krekt is, is net hielendal dúdlik: in skoskouder of in remise earm, sa wurdt der troch oaren suggereard.

Oer en tefolle
Hallo
Ik heb vandaag (8-03-08) per ongeluk een trainingsjack mee naar huis genomen.
Het lag in de dug-out naast het 2de veld.
Het is een maat L. Er zit een sleutelhanger knip aan.
Sieta Tessemaker   ( meisjesteam)

Klipkar
It is net te leauen: Gleske Bier sit sneontejûun wer yn de top 3 fan Klipkar. Dank foar de steun fan de SDS sidebesiikers.
Freddie (de nije Romy)

De Beatles

It wie dit wykein wol hiel rêstich op de Skoalleseize. Fanút Liverpool krigen wij it berjocht dat it mei namme op de sebrapaden in drokte fan belang wie.

Maile fan berjochten kin nei dizze adressen.